Kolleezje oer meartaligens yn Bangor
moandei 22 febrewaris 2010Hjirby wol ik graach de studinten Frysk fan de earstegraads, fan de twaddegraads, fan de Spesjalisaasje Meartalichheid Masters, de dosinten dy’t oan dy stúdzjerochtingen lesjouwe en alle oare lju mei belangstelling foar oare lannen en kultueren fan herten útnoegje foar in bysûndere lêzing troch de hear Bryn Tomos fan de University of Bangor yn Wales.
‘Bangor’ is in ynternasjonaal kontakt fan de NHL en dêrom is Bryn Tomos in wykje by ús te gast. Hy sil in algemien ferhaal hâlde oer de skiednis en ierdrikskunde fan Wales (hy is geograaf), fertelle oer it stúdzjeprogramma dat er dêr fersoarget (oan de PABO, mien ik), oer twatalichheid yn it po en vo yn Wales en oer it wittenskiplik ûndersyk dat dêr nei dien wurdt. Ik ha wat in posityf foaroardiel: mar ik tink dat it in hiel moai kolleezje wurdt.
Bab Gezelle Meerburg
Bouhof, Rengersleane
Lokaal A 1081
Tiisdei 9 maart
16.00-17.30 oere, mei evt. útrin oant 18.00 oere
Ek sjen:
- Meartaligens begjint al foar berte Bern út twatalige mienskippen rjochtsje har fuort by de berte...
- Gearwurkingsferbân meartaligens Trije partijen dy’t har dwaande hâlde mei it Frysk en...
- Memmetaal is altyd aktyf BANGOR – Hoe lang oft minsken har memmetaal ek net...
- PvdA út kolleezje Ljouwerteradiel STIENS – Kolleezjepartij PvdA yn de gemeente Ljouwerteradiel wurdt ynruile...
- Nije site oer meartaligens GENT – Komme jo geregeldwei yn oanrekking mei meartalige bern?...










Lútsen
22 febrewaris 2010 15:08
in wykje? Eine Wochetje? in lytse wike. Oh.