Lieteboek Voor een zoeker als de mens
tongersdei 25 febrewaris 2010
Wat moatte lju fan alderlei komôf en út ûnderskate tradysjes sjonge as se mei-inoar gearkomme? Watfoar wurden kin in minske brûke yn gearkomsten dy’t mei sinjouwing te meitsjen hawwe?
Foar it lieteboek ‘Voor een zoeker als de mens’ is op resinte teksten út de fiif wrâldreligy’s nije muzyk makke. It is in samling fan 21 lieten dy’t op ûnderskate manieren te sjongen en te spyljen binne: ien- en mearstimmich, mei refreinen of as kanon. Yn it boek binne begeliedingspartitueren opnommen en in ynstruktive cd dêr’t alle lieten op te hearren binne, heart derby.
Sneon 6 maart wurdt dizze foar Nederlân alderearste ynterreligieuze lietebondel yn de Mandir (hindoetimpel) te Wijchen (Gelderlân) presintearre.
Meiwurkers binne:
· Ton Lathouwers (boeddhisme)
· Andries Govaart (kristendom)
· Inder Lalbahadoersing (hindoeïsme)
· Ali Rashid en Rasha Khalil (islam) en Jan Jaap de Ruiter (arabist)
· Tamarah Benima en Joppe Poolman van Beusekom (joadendom).
De lieten binne mei finansjele stipe fan ‘Kunstfactor’ skreaun.
Fan 6 maart ôf te keap by de boekhannel of fia muz-art@hetnet.nl
ISBN 978-94-90346-02-7
144 pag. ynnaaid; boek en cd kostje mei-inoar € 24,95.
Ek sjen:









