Maatregels wetterpeil argeologyske terreinen
woansdei 10 febrewaris 2010
Guon argeologysk weardefolle terreinen moatte in heger wetterpeil krije. Dat docht bliken út in útstel fan de FNP by de behanneling fan de nije Nota Erfguod yn Provinsjale Steaten. De FNP wol fierder dat der mear wissichheid komt oer de finânsjes fan it Deltaplan Fryske Tsjerken. Eigners fan monuminten soene stimulearre wurde moatte ta goed regulier ûnderhâld om ferfal en restauraasjes dy’t in protte subsydzje freegje te foar kommen.
De FNP mist yn de nije Nota Erfguod fan de Provinsje de relaasje tusken it behâld fan weardefol boaiemargyf en it wetterbelied. Krekt as by de pealrot giet argeologysk materiaal lykas hout gau ferlern as der lucht en baktearjes by komme. Dat bart as it wetterpeil te leech wurdt. Wurdfierder Douwe Bijlsma komt dêrom mei in útstel yn de Steaten. Mei it útstel moatte maatregels stimulearre wurde om it grûnwetterpeil op weardefolle terreinen te ferbetterjen.
Bijlsma is kritysk op de finansjele dekking fan de ambysjes yn de Nota Erfguod. ‘De FNP wol graach dat der wat bart mei it Deltaplan Fryske Tsjerken. Mar sa’t it der no stiet is der gjin inkele garânsje dat dêr op de langere termyn genôch jild foar komt. Wy wolle dêr mear wissichheid oer krije. De eigners fan al dy tsjerken en de doarpsmienskippen hawwe dêr ferlet fan.’
De FNP stelt ek út om de regeling foar ûnderhâld en restauraasje oan te passen. De provinsjale regeling soe no te min goed regulier ûnderhâld stimulearje. ‘It moat der net op delkomme dat eigners harren monumintale pân noch mar efkes fertutearzje litte omdat dan letter foar in grutte restauraasje subsydzje oanfrege wurde kin. It kin better op de hinnereis meinommen wurde as op ’e weromreis. Foarkomme is better as genêze’, sa seit Douwe Bijlsma fan de FNP.
Ek sjen:









