Meartaligens begjint al foar berte
freed 19 febrewaris
Bern út twatalige mienskippen rjochtsje har fuort by de berte al op it learen fan twa talen. Yn ientalige kultueren is dat net it gefal. Dat seit de Kanadeeske taalkundige Janet Werker. Har ûndersyksteam is derachter kaam dat bern entûsjast wurde as se talen hearre dy’t har mem prate doe’t se swier wie. Prate de mem mar ien taal, dan wienen oare talen it bern likefolle. Prate de mem geregeld twa talen, dan waard it bern fan beide talen entûsjast.
“Bern harkje it leafst nei wat harren bekend foarkomt,” seit frou Werker yn in ynterview mei de Kanadeeske krante The Globe and Mail. Har ûndersyk lit ek sjen dat lytse poppen twa talen dy’t se foar de berte heard ha al útinoar hâlde kinne.
It ûndersyk is dien troch twa groepen lytse poppen te ferlykjen. De iene groep hie in ientalich Ingelske mem, de oare groep hie memmen dy’t Ingelsk en de Fillipynske taal Tagalog prate. It entûsjasme fan de bern waard metten troch in mjitapparaatsje yn ‘e sobber. As de bern entûsjast reagearren, begûnen se hurder te sobjen.
Ek sjen:












Erik
19 febrewaris 2010 20:30
Aansen komme der noch ûndersiken dat men tidens ‘it dwaan’ twatalich skrieme moat. Positive and wishful thinking……