Moard op Olof Palme ferjierret net
tongersdei 4 febrewaris 2010
De moard yn 1986 op de doetiidske Sweedske premier Olof Palme sil net ferjierje. Dat is it gefolch fan in wetswiziging dy’t it parlemint yn Stockholm woansdei goedkard hat. De ferjierringstermyn foar moard, deaslach, misdieden tsjin de minsklikheid, folkemoard en terrorisme mei de dea as gefolch ferfalt yn Sweden mei yngong fan 1 july 2010. Dêrtroch kinne fertochten fan delikten âlder as 25 jier dochs noch feroardiele wurde. De driigjende ferjierring fan de oanslach op Olof Palme jilde as in wichtige driuwfear foar it parlemintsbeslút. De doetiidske Sweedske premier waard op 28 febrewaris 1986 foar in bioskoop yn Stockholm deasketten. Hy wegere de beskerming fan liifwachten. Palme waard yn de jierren santich en tachtich ynternasjonaal bekend troch syn hurde krityk op de Amerikaanske militêre operaasjes yn Vietnam en it apartheidsrezjym yn Súd-Afrika. In fan de moard fertochte Sweedske man waard yn 1990 frijsprutsen. De saak is noch altyd net oplost.
Ek sjen:










mbc84
4 febrewaris 2010 10:32
folkemoard yn stee fan folkeremoard. De meartalsútgong ‘-eren’ is Nederlânsk…
elzo springer
16 maart 2011 23:49
De waarschuwingen voor de moord op Olof Palme kwamen in 1985 al uit Nederland:
http://www.youtube.com/palmecase