Moslims
moandei 22 febrewaris 2010
Fiif jier lang haw ik les jûn yn in asylsikerssintrum. Ik wit noch dat ik der nei de earste fakânsje wer kaam en dat it my oangriisde, al dy minsken mei har donkere gesichten yn dy frjemde klean. Mar stadichoan wende dat.Sa wie it ek mei de moslims yn myn klasse. Hieltyd mear fielde ik dat it gewoan minsken wiene, minsken mei har swakke mar ek mei har sterke kanten. Fansels wiene der guon dy’t de maklikste wei sochten, mar der wiene ek dy’t wier har bêst diene om te learen hoe’t se yn ús maatskippij funksjonearje koene. Minsken ek dy’t wat oer hiene foar oaren en dy’t meifiele koene as men sels yn’e knipe siet.
En fansels binne der dan dy berjochten oer it terrorisme. Mar it is mar sa’n lytse minderheid dy’t him dêrta ferliede lit en de grutte mearderheid moat der neat fan ha. Boppedat binne net alle terroristen Moslims: twa fan de trije slimste oanslaggen fan ’e lêste tiid yn Nederlân, op Pim Fortuin en by it Lo, hiene der neat mei te krijen.
Wat der barre moat, is dat minsken gewoan folle mear mei-inoar prate op gewoan minsklik nivo. Wy moatte net bang wêze fan Moslims en Moslims moatte net benaud wêze foar ús maatskippij en se moatte leare om der yn ’e hûs oer te praten. Dan giet it ek better mei de oanpassing fan ’e jongerein. Want wier, dy hjoeddeiske islamityske Nederlanners ferskille faak minder fan ús as ús eigen foarâlden fan 1950.
Ek sjen:









roel
24 septimber 2010 16:21
Pyt, hast wol ris in boek lêzen oer maatskippij en kultuer yn Arabyske lannen en dat fergelike mei dy fan ús? Nee? Doch dat dan efkes en lês dyn eigen stikje eefkes werom. Dankewol.
Jan
24 septimber 2010 18:50
Pyt wit net heal wêr’t er it oer hat. Fansels moat ik soks net sizze en de man oer de holle strike om him mei te krijen, mar ik wol net troch de moslims ferrifele wurde. Al wie it allinnich al net om de grutte tallen bern dy’t se meitsje op ús kosten. Dêr sit de ferrifeljende oerfalstaktyk achter. Soed er dochs wizer wurde wolle, dan kin er lêze: 1. De schijn-elite van de valse munters (Martin Bosma, útj. Prometheus), 2. Geert Wilders (Meindert Fennema, útj. Bert Bakker), 3. Hollandse Stellingen ( Jaffe Vink, útj. Augustus), 4. De Immigratieramp van Nederland (Sietse Fritsma, útj.: eigen behear? ik kin gjin útjouwer fine yn/op it boek), Islam voor varkens (prof. dr. Hans Jansen, útj. Van Praag), 6. EURABIE, de geheime banden tussen Europa en de Arabische wereld( Bat Ye’or, útj. J.M. Meilenhoff ). Wol er noch mear witte, dan kin er ynternasjonale tydskriften lêze.
Sa net, wêrom moat Europa al dy midsieuwers opheine, opfiede en nei skoallen gean litte? Wat dogge se hjirre as harren dy islam sa nei ‘t sin is?. Lit se yn de islamityske bliuwe. Is der ien dy’t de moed hat om te sizzen, dat de ramp yn Pakistan foaral troch de oerbefolking komt? It skaaimerk fan de muselmannen?