Needlot
woansdei 10 febrewaris 2010
Tsjintwurdich rinne allinnich de B-films en de doktersromans noch goed ôf.
Dat hat net altyd sa west. Yn de midsieuwen wûnen de goede minsken it noch. Beatrijs har plak yn it kleaster waard ynnommen troch in ingel, salang’t se de blomkes bûten sette moast. En it ferhaal fan Mariken kenne jim al.
Ik wit net krekt wannear’t it der ynslûpt is, mar op in stuit wie it allinnich noch mar literatuer as it net goed ôfrûn. “Ja mar”, sizze de kenners, “it rint ek yn ’e werklikheid net altyd goed ôf.” Ja, ast dat mar faak genôch seist, dan wurdt it fansels wol wier.
Nim no Couperus , dè held fan it needlot. Dy earme depressive Eline Vere moast dea en it laitsjen fergie dy wol asto liest hoe’t twa homo’s elkoar folslein stikken makken. Of hoe’t twa âlde minsken troch harren moard op in ûnskuldich man oan elkoar ferbûn wiene. En dan sieten se mar wat te swijen yn harren hege stoelen, wachtsjend op de dea. Dy’t mar net kaam, want se moasten der fan Couperus noch mar ris goed oer neitinke.
Mar hy koe it wol moai opskriuwe, Couperus. En hy die it sa, dat ik hieltyd siet te tinken, it moat dochs oars kinne. Allinnich, it is sa treurich allegear.
Ik ha in freon, dy is filosoof. Dy hat my útlein dat it fan dysels ôfhinget. Wat it libben dy jout, is dyn lot. Ast it swart sjochst, wurdt it dyn needlot. Krekt as by Couperus.
Mar do kinst der ek wat fan meitsje. Dan wurdt dyn lot dyn gelok.
Kinst dy beide âlde minsken út dat boek ek ta spot meitsje. Nimst bygelyks dy deade man en litst him libje. Yn in boek kin alles. Makkest in moai ferhaal mei him as sterke haadpersoan. Dy’t ferlern hat, mei winne. Hy wurdt ryk en lokkich en elkenien hâldt fan him omdat er sa grappich en leaf is. En de âlde minsken besykje fan alles, mar tsjin sa’n geweldige man kinne se net op. Hy giet mar net dea en hoe mear jild se deroan spansearje om dy man stikken trijen, hoe riker er wurdt. Sels wurde se lytser en lytser en gjinien wol noch mei har omgean, omdat se sa stjonke.
Gjin grutter wille as de lol fan in goed minske dy’t de smoargens op in leuke manier oanpakt.
Kinst der fergif op ynnimme dat der in soad lake wurde sil. Lykas elkenien him siik laket om Hyacinth fan ‘De schone schijn’ en de sukkels dy’t har net oandoare.
Dan mar gjin literatuer. As wy mar wille hawwe meie.
Klaske Hiemstra
No related posts.








