Nijs út Ierlân
woansdei 10 febrewaris
Yn Ierske kranten komme krektlyk as yn Fryslân njonken positive berjochten ek krityske lûden foar oer it brûken en stypjen fan it Iersk. Inkelde foarbylden folgje hjirûnder.
Irish Independent:
1. It oersetten fan dokuminten yn it Iersk kostet alle wiken 3000 euro.
2. It lân is yn krisis, mar wy besteegje hast 1 miljoen euro oan ien fan ’e rykste universiteiten yn ’e wrâld om it Iersk te stypjen.
3. Nije sifers litte sjen dat ministers fan it kabinet tûzenen euro’s yn it jier ‘fergrieme’ oan djoere ûnnedige oersettings fan offisjele dokuminten yn it Iersk.
The Irish Times:
1. Neffens in nij omstriden rapport is Iersk de taal fan de elite yn Ierlân mei sprekkers dy’t mear fertsjinje as it oare part fan ’e befolking.
2. Op 2 febrewaris is in ynteraktive website begûn om it praten fan it Iersk oan te learen. It is in firtueel taallaboratoarium dêr’t studinten har Iersk mei ferbetterje kinne troch ynteraksje mei sprekkers fan de memmetaal mei help fan it ynternet.
3. Dr. Bill Murphy, de biskop fan Kerry, stipet in kampanje dy’t besiket de mis yn it Iersk alle wiken wer op ’e radio útstjoerd te krijen.
Irish Examiner:
1. Ierske taalgroepen binne dwaande mei in nij netwurk oer de grinzen yn Ingelân en Frankryk.
2. In Sineeske universiteit hat in bedrach fan 22.000 euro taskikt krigen foar de stúdzje fan it Iersk.
Ek sjen:











