Nimmen hat de plicht om te libjen

freed 5 febrewaris 2010
Ans Nieuwenbrug (93)

Ans Nieuwenbrug (93)

Trijekwart fan de Nederlânske befolking kin him foarstelle dat âlde minsken har libben foltôge fine. Dat makket de ‘Nederlandse Vereniging voor een Vrijwillig Levenseinde’ (NVVE) op 4 febrewaris bekend foarôfgeand oan de ‘Week van het voltooid leven’.

Medyske en technologyske mooglikheden hawwe foar in ferlinging fan ús libbensdoer soarge. In sa lang mooglik libben is foar in protte lju tige wichtich. Foar guon âlderen binne de medyske mooglikheden lykwols net beskiedend. Sy lije oan it libben en sjogge op tsjin de komst fan in nije dei. Koartsein: se binne klear mei har libben.

‘Week van het voltooid leven’
In peiling ûnder de Nederlânske befolking wiist út dat 75 persint him foarstelle kin dat âlde minsken dy’t net siik binne, har libben foltôge achtsje kinne. CDA-stimmers kinne har dat it minst foarstelle (37 persint). D66- en SP-stimmers it meast (94 en 92 persint).

De NVVE liet de peiling, hâlden troch it buro fan Maurice de Hond, útfiere yn it ramt fan de ‘Week van het voltooid leven’. Fan 8 oant 13 febrewaris besteget de feriening, tegearre mei it ‘Humanistisch Verbond’ (HV), oandacht oan it probleem fan âlde minsken dy’t har libben definityf klear fine en de winsk hawwe om har libben op in humane wize ta in ein bringe te kinnen.

Ungenêslik âld
HUMAN stjoert yn it ramt fan de ‘Week van het voltooid leven’ op woansdei 10 febrewaris  ’Ongeneeslijk Oud’  út.  Ans Nieuwenbrug-Bron (93) – spikerbroek, lang wollen fest – is in markante frou. Eigenwiis ek. Sy wankelet út en troch op har skonken, mar de suggesje om in rollater oan te tugen wiist se lilk fan ’e hân. ‘Ik rin leaver ûndersteboppen as mei in rollater.’
Har grutste argewaasje is de wurgens dy’t har hieltyd faker parten spilet. Dêrom hat se in beslút nommen. ‘Ik bin gewoan klear.’

‘Ongeneeslijk oud’ makket ûnderdiel út fan in trijedielige searje dokumintêres ûnder de neamer ‘Levenskunstenaars’. Dêr wurdt yn sjen litten hoe’t minsken yn de hjerst fan har libben it daagliks bestean foarmjouwe.

Sels bepale
It HV is (ûnder betingsten) foar legalisearing fan de help by it stjerren oan âlde minsken. De NVVE wol it debat ôfwachtsje foar dêr ta in stânpunt oer te kommen.

“Wy fine dat minsken dy’t âlder binne as 70 jier sels bepale meie hoe’t se har libben ynrjochtsje”, seit HV-foarsitter Rein Zunderdorp oer it debat dat syn feriening en de NVVE oanswingelje wolle. “Sy meie sels útmeitsje hoe’t en wannear’t se stjerre wolle. Nimmen hat de plicht om te libjen. Wy erkenne dêrby útdruklik dat in minslik libben út mear bestiet as in lichaamlik bestean.”
It is mooglik dat ús lichem langer yn stân hâlden wurdt as ús wil om te libjen, stelt Zunderdorp. “Krekt foar minsken dy’t har libben lang stribbe hawwe nei in bewust libbe libben, is it fan belang sels bepale te kinnen wannear’t it dien is. Unfrijwillige ferlinging fan it libben kin, foar har gefoel, oan de wearde derfan ôfbrek dwaan.”

‘Ongeneeslijk Oud’, woansdei 10 febrewaris 14.55-15.35 oere, Nederland 2. (Werhelling woansdag 17 febrewaris om 22.50 oere, Nederland 2.)
 

 

 

 

 

 

Ek sjen:

  1. Klear mei libjen?
  2. Yn it begjin wie der nimmen
  3. Domweg gelukkig in NL
  4. Lunchlêzingen oer Friezen om utens
  5. Sels útmeitsje wannear’t je stjerre…

2 reaksjes op “Nimmen hat de plicht om te libjen”


  1. Erik
    6 febrewaris 2010 00:41

    Wat krije wy no, reklame foar de EO?


  2. Jabik
    6 febrewaris 2010 16:54

    Werom soe dit EO wêze? My tinkt dat ek net-EO-ers hjir mei te meitsjen ha of krije. Minsken kinne hjoed-de-dei langer yn libben hâlden wurde, mar net foar eltsenien is (om EOsfear te bliuwen) in seine.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic