Op it puntsje fan ‘e tonge ..
snein 28 febrewaris 2010
Ofgryslike frustrearjend: jo witte dat in wurd bestiet, jo witte de betsjutting derfan, mar it wurd wol jo mar net yn it sin komme.
Nij ûndersyk liket derop te wizen dat sokke ûnderfiningen – in wurd leit jo op it puntsje fan ‘e tonge – te krijen hawwe mei hoe faak oft jo dat wurd brûke.
De útkomsten fan it ûndersyk jouwe mear ynsjoch yn it ûnthâlden fan wurden.
“Faak witte minsken noch wol de earste letter fan it wurd”, seit ûndersykster Karen Emmorey fan de San Diego State University. Ut earder ûndersyk wist se dat twataligen faker efkes net op in wurd komme kinne as ientalige minsken. Dat soe komme kinne trochdat dy mear wurden hawwe dy’t lykje op it sochte wurd en it dêrtroch ‘yn it paad’ sitte. Dat blykt lykwols net it gefal te wêzen.
De ûndersikers hawwe sjoen nei minsken dy’t Ingelsk en de Amerikaanske gebaretaal American Sign Language (ASL) behearskje. Gebaren lykje fansels net op sprutsen wurden en kinne har dus net yn it paad sitte. Dochs hawwe dy twataligen like faak it gefoel dat harren in wurd op it puntsje fan de tonge leit as oare twataligen. Meartaligens yn al syn foarmen hat dus te krijen mei wurdfiningsproblemen.
Frou Emmorey tinkt dat twataligen dêr mear lêst fan hawwe trochdat se folle mear wurden kenne as ientaligen. Dêrtroch jildt foar elk wurd dat se kenne dat se it minder faak yn ‘e mûle nimme as foar elk fan de wurden dy’t ientalige sprekkers behearskje. Se prate ommers in diel fan de tiid de oare taal. En as je in wurd in skoft net brûkt hawwe, hat it brein der mear muoite mei om it út it ûnthâld op te djipjen.
It ûndersyk waard op 19 febrewaris presintearre yn de jiergearkomste fan de American Association for the Advancement of Science yn San Diego.
(boarne: LiveScience)
Ek sjen:
- Twa talen goed, trije talen better LÚKSEMBURCH – Prate jo Frysk? Spreekt u Nederlands? Do you...
- Meartalige kin better multytaske LOS ANGELES – Meartaligens makket dat men it makliker fynt...
- Memmetaal is altyd aktyf BANGOR – Hoe lang oft minsken har memmetaal ek net...
- Drank makket kreätiver CHICAGO – Nij ûndersyk docht útwizing dat drank minsken kreätiver...
- Taal is in kwestje fan ûnthâld NIMWEGEN – Minsken ferwurkje regelmjittige en ûnregelmjittige tiidwurden beide like fluch....








