Papiamintsk yn de grûnwet?
tiisdei 23 febrewaris 2010
Twadde Keamer-lid Jan Schinkelshoek fynt dat it Papiamintsk en it Ingelsk opnommen wurde moatte yn de Grûnwet. Hy fynt it in miste kâns dat it Nederlânske kabinet dizze moanne fêststelde dat der yn ’e Grûnwet wol in definysje komt oer de Fryske taal, mar net oer de praattalen op ’e BES-eilannen. It is lykwols net dúdlik wat krekt de definysje fan de Fryske taal wêze sil.
Op de Antillen is der ek lilk op reagearre. It kabinet wol ynstean foar de posysje fan it Nederlânsk, no’t der yn Nederlân hieltyd mear talen praat wurde.
Schinkelshoek brocht foarich jier al op it aljemint dat ek de posysje fan it Papiamintsk en it Ingelsk yn de Grûnwet fêstlein wurde moast. “As men de posysje fan it Nederlândsk regelet, moat men ek wat dwaan foar de minderheidstalen.”
De Steatsried
Schinkelshoek fynt it nuver dat it regear net oan de BES-eilannen tocht hat. Oer de reaksje fan de Antilliaanske minister Omayra Leeflang, om by need in rjochtsaak oan te spannen, moat it CDA-keamerlid in bytsje gnize. Hy rjochtet syn hope op de Steatsried, in “wiis kolleezje”, om it regear op de omisje yn it útstel te attindearjen.
“It moat yn alle gefallen in ûnderdiel fan it debat yn de Twadde Keamer” wurde.
Foar Kurasao, Sint-Maarten en Arûba jildt de Nederlânske Grûnwet net en sy kinne sadwaande harren eigen taalbelied fiere. Mar foar de BES-eilannen is nei de ûntmanteling fan de Antillen De Haach ferantwurdlik.
“It regear moat mei tige goede arguminten komme om te rjochtfeardigjen wêrom’t it Bonêre, Sint Eustatius en Saba net jout wat Fryslân wol krijt.”
Ek sjen:
- Nederlânsk yn grûnwet DE HAACH – It demisjonêre regear hat hjoed besletten dat...
- Opskuor om nije Ongerske grûnwet BOEDAPEST – De Ongerske âld-presidint Ferenc Gyurcsány hat syn wearze...
- Marokko: Protest nije grûnwet CASABLANCA/RABAT – Yn ferskate stêden yn Marokko hawwe snein tûzenen...
- Elk koe meiprate oer de Iislanner grûnwet REYKJAVIK – Iislân is meikoarten it earste lân mei in...
- Kiel set Sigeuners net yn grûnwet KIEL – De lândei fan Sleeswyk-Holstein wol de Sigeuners net...








