Porsche wurket oan hybride raceauto

tongersdei 11 febrewaris 2010

porscheLEUSDEN – Minsken dy’t hybridetechnology assosjearje mei saaie, griene gesinsauto’s slagge de plank mis. Sportautoprodusint Porsche wurket hurd oan de ûntwikkeling fan in nije hybride raceauto, 911 GT3 R Hybrid neamd. De nije bolide sil foartearst allinnich op it sirkwy test wurde en belibbet syn premjêre op de Autosalon fan Genève oare moanne.
It hybridesysteem is dúdlik oars as de ‘konvinsjonele’ hybridetechniken. De nije 911 hat in 480 pk sterke 4 liter boxermotor, oanfolle mei twa elektromotoaren – goed foar 160 pk – dy’t de foartsjillen oandriuwe. De elektromotoaren belûke harren stoom net fan akku’s, sa’t gebrûklik is, mar fan in yngewikkeld elektrysk opslachmedium yn de foarm fan in driuwtsjil. Dat is yn it ynterieur neist de bestjoerder pleatst. ‘De koereur kin de enerzjy yn it opladen driuwtsjil oproppe as dat nedich is, bygelyks by it akselerearjen út in bocht as by in ynhelaksje’, sa seit Porsche.

Nei de yntroduksje oare moanne yn Genève kriget it hybride racemeunster syn fjoerdoop by langeôfstânsraces op de Nordschleife fan de Nürburgring. ‘Sa kin de Porsche ûnderfining opdwaan foar in eventueel letter gebrûk fan de hybridetechnyk yn auto’s foar op de wei. As der straks ynteresse foar is fan de merk út, sil de auto fêst yn produksje nommen wurde’, sa seit in wurdfierster fan Porsche.

Ek sjen:

  1. Porsche Cayman S Black Edition STUTTGART – Porsche hat in bysûndere ferzje fan de Cayman...
  2. Google wurket oan fleanende fluch ynternet MOUNTAIN VIEW – It Amerikaanske ynternetbedriuw Google wol in fleanende...
  3. Harnzer wetterkearing wurket HARNS – De nije wetterkearing yn Harns is sûnder swierrichheden...
  4. Belizzers easkje 1,8 miljard fan Wulff FRANKFURT – De Dútske presidint Christian Wulff kriget it hieltiten...
  5. Lytste hertpomp fan de wrâld wurket Prachtich nijs foar hertpasjinten. Dokters yn Dútslân hawwe de lytste...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic