Rink van der Velde-jier

freed 19 febrewaris 2010

handtveldeDe gemeente Smellingerlân organisearret in Rink van der Velde-jier. Dêrmei hellet de gemeente ien fan de bekendste Fryske skriuwers nochris foar it fuotljocht. Yn Drachten en omkriten wurde it hiele jier bylâns ferskate aktiviteiten op priemmen set.

Rink van der Velde (1932 – 2001) waard berne yn Ealsum (D) en groeide op yn Beetstersweach. Nei de mulo gyng er op ‘e bonnefoai nei Frankryk. Fan 1954 oant syn (betide) pinsjoenearring yn 1992 wie er wurksum yn de sjoernalistyk by efterinoar de Nieuwe Dockumer Courant, Het Vrije Volk, de Friese Koerier en de Leeuwarder Courant.
Van der Velde debutearre yn 1959 mei in fúljeton yn Frysk en Frij. Hy wie redakteur fan it literêr tydskrift De Strikel fan 1962 oant en mei 1983. Yn 1975 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn hiele oeuvre, mar benammen foar De Fûke (lês mear).
De gemeente Smellingerlân stelde yn ’e mande mei de Friese Pers Boekerij en It Fryske Boek yn 2004 al in twajierlikse Rink van der Veldepriis yn. Dy priis is ornearre foar de auteur dy’t yn neifolging fan Rink van der Velde it literêre Fryske proaza tagonklik makket foar in breed publyk. De ûnderskieding wurdt op 17 febrewaris febrewaris 2010 foar de fjirde kear útrikt yn de hal fan it gemeentehûs yn Drachten (lês mear).
Fierder makket it Museum Smellingerlân yn Drachten in spesjale útstalling oer it libben en wurk fan de skriuwer. It Fryske Gea set yn de kontreien fan Drachten in tal fyts- en kuierrûtes út; it tydskrift De Moanne wijt en spesjale bylage oan Rink van der Velde en de Friese Pers Boekerij organisearret in sympoasium om de auteur hinne.

Ek sjen:

  1. Fiif nominaasjes Rink van der Veldepriis De sjuery fan de Rink van der Veldepriis makket, yn...
  2. Skiedniskanon foar Smellingerlân DRACHTEN – Nederlân hat ien, Fryslân hat ien en no...
  3. Iepenloftspul Pake Sytse DE FEANHOOP – De Feanhoop spilet yn septimber it iepenloftspul...
  4. Ferdinand de Jong wint Rink van der Veldepriis Ferdinand de Jong hat de Rink van der Veldepriis 2012...
  5. Twa ekstra Pake Sytses DE FEANHOOP – Fanwege de grutte belangstelling komme der noch...

1 reaksje op “Rink van der Velde-jier”


  1. Geeske Krol
    24 febrewaris 2010 14:01

    Wat my bot dwars sit om dit fierder tige goede inisjatyf is dat yn Breeduit it gemeenteblêd fan Smellingerlân oer dit hiele barren om it Rink vander Velde- jier hinne net in wurd Frysk stiet.

Realisaasje: Pronamic