Skylearaars moatte Frânsk diploma ha
freed 26 febrewaris 2010Skylearaars yn Frankryk moatte in Frânsk diploma ha. Dêr kamen twa Belgyske ynstrukteurs ferline jier achter. Sy waarden arrestearre doe’t se in ploech Flaamske jongelju learden hoe’t se op ‘e latten stean moasten. De Gazet van Antwerpen meldt hjoed dat de Flaamske oerheid berop oantekene hat tsjin de arrestaasje.
Yn july fan dit jier wurdt België EU-foarsitter. Flaamsk parlemintslid Peter Gysbrechts wol dat België dan wurk makket fan de lykskeakeling fan sportdiploma’s. Hy neamt it “ongelofelijk” dat de arrestaasjes yn in feriene Europa mooglik binne. Se ha der nammers ta laat dat Flaamske organisatoaren fan skyreizen dit jier harren aktiviteiten yn Frankryk skrast ha.
Ek sjen:









