Sneon 6 maart Boeke-BOLsert
tongersdei 25 febrewaris 2010
Boeke-BOLsert – Sneon 6 maart slacht Boalsert syn slach mei Boeke-BOLsert, it grutte boekefeest fan 2010 mei tal fan skriuwers, dichters, teatermakkers en muzikanten. Boalsert sprekt.
It programma set útein mei it grutte fraachpetear oer Gerard Reve yn de riedsseale fan it stedhûs. Geart de Vries, âld-sjoernalist by Omrop Fryslân, ynterviewt Huub Mous, skriuwer fan Reve en de secularisering, in oere lang oer Reve’s tiid yn Fryslân.
Boeke-BOlsert giet jûns om 20.00 oere fierder yn kafee de Groene Weide, mei foardrachten en performances fan û.o. dichter-kritikus Piet Gerbrandy, skriuwer Hans van der Heijde, dichter-filmer Elmar Kuiper, dichter-skriuwer Jouke ‘Smots’ Hylkema, Huub Mous as pastoar Mous yn de hearlike Katja Schuurmans Opblaaspop Oere, skriuwer-dichter Willem Schoorstra en teatermakkers Jaap en Tjitske Ferwerda. Muzyk fan Hein Jaap Hilarides en syn Rebound Boogie Bent + rappe d.j.-dûnsmuzyk.
Boeke-BOLsert wurdt presintearre troch skriuwster-resinsinte Nynke de Jong. Foar it middeisprogramma opjaan fia postmaster@cepher.nl. It jûnsprogramamma jout frij yntree. Fol is fol.
Ek sjen:
- Aksje FFG by Boeke-BOLsert By it boekefeest Boeke-BOLsert is de Frije Fryske Grûn (FFG)...
- HVA 14 NOVIMBER BOEKE- EN PLATEMERK Lykas ferline jier hâldt de Histoaryske Feriening Appelskea e.o. in...
- Reve woe heit deadwaan Skriuwer Gerard Reve hat besocht om syn heit te deadzjen....
- Sneon 1 oktober: Literêre Arrivatrein tusken Ljouwert en Starum Meitsje in treinreis mei de Literêre Arrivatrein Fryske skriuwers...
- Gesellich boekebal LJOUWERT – It Fryske boekebal wie net in bal, mar...








