Streuperij gefaar foar kraanfûgels
snein 28 febrewaris 2010De Súd-Afrikaa
nske kraanfûgels binne faai. Streuperij en yllegale hannel yn de bisten binne in nije bedriging. Dat makke it Súd-Afrikaanske Volksblad juster buorkundich.
Stroomtriedden binne in wichtige deadsoarsaak fan de kraanfûgels. Se fljogge dertsjin oan en bliuwe deryn hingjen. Der stjerre ek kraanfûgels troch it iten fan bespuite grienten fan ‘e Súd-Afrikaanske ekers. De yllegale jacht en hannel komme dêr nochris by. Neffens de Trust vir die Bedreigde Natuurlewe wurdt der de lêste tiid mear streupt as foarhinne. De Trust warskôget foar de gefolgen: op hannel yn de bedrige diersoarte stiet in finzenisstraf fan fiif jier.
Yn Súd-Afrika libbet in bedrige kraanfûgelsoarte dy’t yn it Afrikaansk ‘bloukraanvoël’ (blauwe kraanfûgel) en yn it Hollânsk ‘paradijskraanvogel’ (paradyskraanfûgel) hyt. De bloukraanvoël is in nasjonaal symboal fan Súd-Afrika, kwa belang te ferlykjen mei it pompeblêd foar de Friezen.
(boarne: Volksblad)
Ek sjen:
- Sina wol selsstannich Afrika De Sineeske minister fan Bûtenlânske Saken Yang Jiechi harket nei...
- Fereale spantsjes gefaar foar âlde brêgen ROME – Fereale spantsjes binne in bedriging foar in grut...
- Minder seks, mear televyzje KAAPSTÊD – De jongerein yn Súd-Afrika begjint minder te neuken....
- Seehoeder komt op foar blaufintonyn No’t de ynternasjonale mienskip machteleas blykt te wêzen, tsjocht it...
- Min waar en nukleêr gefaar TOKYO – In wike nei de ierdskok en de dêrop...








