Wrâldeilannen ûnder wetter?

freed 5 febrewaris 2010

Dubai worldDe ferneamde Wrâldeilannen yn Dubai driigje folslein ferlern te gean. Troch de finansjele krisis dy’t it lân teheisteret, is der gjin budzjet mear om de keunstmjittich dregge eilannen ôf te meitsjen of te ûnderhâlden.

Yn 2003 waard úteinset mei it opbaggeljen fan de 300 eilantsjes, dy’t meiinoar in wrâldbol foarmje. De eigners woene derop ta om dy apart te ferkeapjen foar toeristyske doelen. By de bou waard sa’n 47 miljoen ton stien brûkt en miljarden tonnen sân.

Mar sûnt 2008 waard it stil om it projekt hinne. Ferline jier moast Dubai World, de maatskippij dy’t it projekt koördinearret, om útstel fan betelling freegje. It gie om 26 miljard dollar.

De bou is sûnt dy tiid hielendal stil kommen te lizzen. De gefolgen binne al goed te merkbiten op romtefoto’s fan de Nasa. De kustlinen fan de eilannen wurde dizeniger en guon eilannen binne al yninoar opgien, of oerspield.    

It gebiet dat Australië foarstelle moast is al fan seis gebieten yninoar raand ta fjouwer. België ek, dat yn de orizjinele plannen goed te sjen wie as it topke fan in eilân mei-inoar mei  Frankryk en Nederlân,  liket al foar in grut part ferswolgen.

Ek sjen:

  1. As Fryslân ûnder wetter strûpt Hoe komt it no mei Fryslân as der gjin seediken...
  2. Wetter helpt de konsintraasje LONDEN – Wetter drinke is goed foar de konsintraasje. Dat...
  3. ME’ers beweitsje Grouster eilannen GROU – De Mobile Ienheid (ME) bewekket fannacht de eilannen...
  4. Replika fearskip Aebelina te wetter Sneontemiddei is yn Earnewâld de ‘Aebelina’ doopt en te wetter litten...
  5. Bewenners Grouster eilannen wer thús GROU – De bewenners fan de eilannen De Burd en...

2 reaksjes op “Wrâldeilannen ûnder wetter?”


  1. Jelle
    5 febrewaris 2010 15:47

    Dat Nederlân noch net ferlern is, dat leit ommers foar in grut part ûnder de seespegel.


  2. Erik
    6 febrewaris 2010 00:39

    Jelle,

    De Friezen hawwe al 1200 jier ervaring mei seediken. Miskien is it noch in begjinnersprobleemke by de rike Emiraten.

Realisaasje: Pronamic