30 dagen troch Afganistan

moandei 1 maart 2010

30 dagen troch Afganistan is in reis fan twa Amerikaanske soldaten dy’t op ‘t ynternet te sjen is. Eltse dei ferskine der filmkes op YouTube mei in reisferslach fan dy dei. Ferskillende Afganen wurde frege nei de sitewaasje yn harren lân. Dêrneist komt it personeel fan de ISAF missy oan it wurd.

De filmkes jouwe in oar byld fan de ISAF-soldaten en de befolking fan Afganistan. Foar de soldaten is der omtinken foar de kulturele eftergrûnen fan de 44 dielnimmende lannen oan de missy. Soldaten wurde ek frege nei persoanlike motiven en de thússitewaasje. De Afganen yn de filmkes krije alle romte om te sizzen wat se wolle, en meitsje dêr ûntspannen gebrûk fan. De gewoane Afgaan op strjitte hat leaver frede en in bettere takomst. It doel fan it ynternet deiboek is mear begryp foar de ISAF-missy.

Ek sjen:

  1. Mear as 200 Britske deaden yn Afganistan
  2. Afganistan: FS lûke 33.000 soldaten werom
  3. Afganistan: Tsien jier kriich yn sifers
  4. Kabinet Rutte 102 dagen, wat fine jo?
  5. 35 dea troch bom Afganistan

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic