35 dea troch bom Afganistan
snein 14 maartBy ferskate eksploazjes yn de súdlike Afgaanske provinsje Kandahar binne op sneon 35 minsken dearekke en 47 ferwûne. Neffens it provinsjaal bestjoer, dy’t de sifers bekend makke, wienen der 4 eksploazjes.
Ofrûne freed wie der yn in sterk befeilige regio yn Pakistan ek al in dûbele selsmoardoanslach. Dêrby ferlearen 39 minsken it libben, 95 rekken ferwûne. De earste oanslach wie op in militêr konfoai, de oare wie op in merk yn de twadgrutste stêd fan Pakistan.
De Taliban is fral yn it súdeasten fan Afganistan en it noarden fan Pakistan aktyf.
Ek sjen:









