Aksje FFG by Boeke-BOLsert

woansdei 10 maart 2010

FFG_bannerBy it boekefeest Boeke-BOLsert is de Frije Fryske Grûn (FFG) sneontejûn yn aksje kaam. Doe’t, oan it begjin fan it jûnsprogram, de skriuwer fan de Nederlânsktalige roman  ‘De Republyk’ (2009) foarlies, stode in groep manlju fan de FFG mei bivakmûtsen de seal yn en struide pamfletten rûn. Op de pamfletten stienen sitaten fan Fryske foaroanmannen oer selsbestjoer foar Fryslân.

Oanlieding fan de aksje wie de te grutte Hollânske ynfloed op it Fryske boekefeest, sa grut dat de Fryske skriuwer net genôch oan bar komt. De groep fynt it Boeke-BOLsert op himsels wol in goed inisjatyf, mar fynt it befoarderjen fan de Fryske kultuer mei dit program net fan tapassing.

Ek sjen:

  1. Sneon 6 maart Boeke-BOLsert Boeke-BOLsert – Sneon 6 maart slacht Boalsert syn slach mei...
  2. Fryske en Stellingwerver boeke-aksje LJOUWERT – Op freed 3 septimber giet de alhiel fernijde...
  3. HVA 14 NOVIMBER BOEKE- EN PLATEMERK Lykas ferline jier hâldt de Histoaryske Feriening Appelskea e.o. in...
  4. Warkum yn aksje De ynsammelaksje foar in tredde adopsjeberntsje foar de Warkumer famylje...
  5. Grutte boeke-opromming DE GORDYK – Wa’t syn foarrie Fryske boeken goedkeap oanfolje...

2 reaksjes op “Aksje FFG by Boeke-BOLsert”


  1. www.ensafh.nl
    10 maart 2010 08:51

    [...] Lês fierder op It Nijs [...]


  2. Erik
    11 maart 2010 22:18

    Wy wolle no ek de foto’s sjen!

Realisaasje: Pronamic