Australië beriedt him op tsûnamy-alaarm

moandei 8 maart 2010

tsunami-dust-waveIt Australyske regear tinkt nei oer nije maatregels by in tsûnamy-alaarm. Ferline wike gongen Australiërs yn kloften nei it strân ta, nettsjinsteande dat der alaarm slein wie fanwege gefaar foar in tsûnamy, nei in ierdskodding yn Sili. Dat melden Australyske media sneon. Mooglik sille polysjes en rêdingswurkers de strannen ûntromje as der in tsûnamy-alaarm fan krêft is. Der sil ek sjoen wurde oft minsken better foarljochte wurde kinne oer it hoopstoops opkommende wetter. Neffens it regear moatte de minsken de warskôgings serieuzer nimme. Foar de hiele eastkust fan Australië waard it foarrige wykein in tsûnamy-alaarm ôfkundige, mar in protte minsken gongen likegoed op it strân sitten of gongen nei de kust ta om it begjin fan de tsûnamy te sjen. Uteinlik wie de tsûnamy ek noch mar skraach te sjen.

Ek sjen:

  1. Israëliër moat Australië út CANBERRA - It Australyske regear set in Israëlyske diplomaat it lân...
  2. Australië lit fersmoarger betelje CANBERRA – De Australyske senaat hat tiisdei ja sein tsjin...
  3. Dramatyske nije film tsûnamy Japan Der binne al in protte filmkes fan de tsûnamy op...
  4. Van Agt slacht alaarm om PVV DE HAACH – It ferset tsjin in koalysjeregear mei CDA,...
  5. Australië baarnt PERTH – Australië is no just net fortúnlik de lêste...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic