Bazen fan it heil

tiisdei 30 maart 2010

Tsjonger-197x106In minske kin gâns stipe hawwe oan it leauwe. Mar al is dat beskreaun, dy geskriften binne sa slim te begripen. Gelokkich binne der teologen dy’t alles útlizze kinne. En oars binne der noch bejeftige minsken dy’t it daliks fan boppen hearre.

It seit himsels dat sokke minsken in grut gesach hawwe, se hawwe ommers patint op it heil. Mar it bliuwe minsken en se kinne hjir of dêr ûntspoare. En oars harren opfolgers wol. En dat jildt net allinne foar tsjerken, mar ek foar sekten en foar ideële en politike bewegings fan alderhande rjochting, dy’t soms sa har folgelingen yn it ûngelok stoarte, ek wol mei de bêste bedoelings. En om earlik te wêzen, soms sit de wittenskip mei yn it komplot.

Yn earder tiden koe dat faaks net oars, mar tsjintwurdich hawwe wy tûzen wegen om sels kennis te sammeljen. Dêrom kin net ien him mear ferskûlje efter paus, dûmny of professor. Dat docht gjin ôfbrek oan ’e wiere meiminsklikens, dy’t wy oeral yn ’e tsjerken en yn ’e hiele maatskippij fine, mar wy bliuwe sels ferantwurdlik.

Pyt

Ek sjen:

  1. Saab kriget Sineeske bazen TROLLHÄTTAN – De Sweedske autofabrikant Saab giet oer yn Sineeske...
  2. Gapjen skept in bân STORRS – Minsken hawwe de oanstriid om inoars gedrach nei...
  3. Hillich Wy libje tsjintwurdich as hilligen. Wy wurde net lilk, sels...
  4. Adema los fan Nederlân? Ik wie hast ta Nederlân bekeard, want der wenje fantastyske...
  5. Wat fine jo: de sosjale media wurde swier oerskat Alle bedriuwen wolle wat mei de sosjale media. Se moatte...

3 reaksjes op “Bazen fan it heil”


  1. Jabik
    31 maart 2010 08:31

    Learden wy earder al net “Vest op prinsen geen vertrouwen”?


  2. H
    31 maart 2010 14:16

    Wat wy yn it ferline leard ha, hoecht net wier of nuttich te wêzen.


  3. Klaske
    3 april 2010 11:38

    Sa slim is it dochs net, dat elkenien it leauwe yn God, Allah of Wodan en Jupiter op syn eigen manier útleit? En dat der minksen binne dy’t tinke, hé, wat dy en dy úttocht hat, dat leit my wol?
    En dat der yn bepaalde tiden en bepaalde lannen wer oars is as yn oare tiden en yn oare lannen?
    Ik fyn dat wol grappich, eins.

Realisaasje: Pronamic