Beppesizzer ûntfytmannet beppe har freon

moandei 8 maart

beppesmantsjeLONDEN – In 22-jierrige Britske beppesizzer hat de 63-jierrige feint fan har beppe (73) ôfnommen. It farske span hat him wyls oan inoar fersein.
Dêr joech it Britske tabloid News of the World snein tynge fan op syn webstee.
Hja begûnen mei-inoar om te slaan neidat beppe en har feint de frou, dy’t sûnder wurk siet, frege hiene om by harren yn te tsjen. Op in dei lykwols trof beppe Margaret har freon djoeiend en hoallefoaljend oan mei har topless beppesizzer op ’e bank. De eardere learaar Jack hie de oanset jûn, wie it sizzen.
”Jack is spekkeaper mei in wyldblast as ik. Ús sekslibben is goed en sûn”, neffens de 22-jierrige Keelie.

Kapster
Beppe hat it twaspan út ’e hûs set. Hja wenje no yn in flet yn Noard-Londen. De ljochthierrige Keelie woe kapster wurde, mar no’t se mei Jack hat, is der gjin hier op har holle dy’t dêr noch oan tinkt.
”As ik de doar út wol of klean keapje, freegje ik dat oan Jack”, sa seit de oansteande breid.

Ek sjen:

  1. 100 jier!
  2. Britsk amtsgebed bliuwt
  3. Fergrizing
  4. Ferbjustering oer oanhâlding

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic