Bern fynt kokaïne yn boarterstún

tiisdei 9 maart 2010

Arnhem – In jonkje fan acht út Arnhem die moandei in bysûndere fynst yn in boarterstún yn de buert. Yn ‘e sânbak fûn er twa wikkels kokaïne, sa berjochte de plysje tiisdei.

It bern ûntduts de harddrugs ûnder it boartsjen yn ‘e boarterstún yn de Arnhemse wyk Het Broek. Syn mem joech it guod ôf op it plysjeburo. It bliek om 0,55 gram kokaïne te gean. It is noch ûndúdlik hoe’t de drugs yn ‘e sânbak telâne kaam binne.

Ek sjen:

  1. Underseeër mei kokaïne
  2. Rotsjende earen troch bistemedisyn
  3. Drugskartel oprôle
  4. Apparaatsje kin drugsgebrûk oantoane
  5. Grinzer oerfalt plysjeburo

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic