Bernelykjes yn rivier
woansdei 31 maart 2010PEKING – Yn de Sineeske stêd Jining binne 21 deade berntsjes yn in rivier fûn. Dat meldt Het Nieuwsblad hjoed. Se sieten yn jiskepûden. Guon fan ‘e lykjes wienen al fierhinne fergongen. Acht lytse poppen hienen in kaartsje oan ‘e foet mei medyske gegevens.
De plysje hat twa eardere meiwurkers fan in pleatslik sikehûs fêstnaam. Dy wienen earder dizze wike ûntslein omdat se jild oannaam hienen om bernelykjes ferdwine te litten. Nei alle gedachten koenen de âlden net in begraffenis betelje.
It sikehûs woe gjin antwurd jaan op fragen fan sjoernalisten
Ek sjen:








