Brekfallich paleis libbensgefaarlik
woansdei 31 maart 2010ROME – Restaurateurs binne al tsientallen jierren dwaande mei it opknappen fan it gouden hûs yn Rome. It gouden hûs is de bynamme fan it ûnbidich grutte
paleis fan Nero, dy’t yn ‘e earste ieu fan ús jiertelling keizer fan it Romeinske ryk wie. Dat giet net hurd, mei’t it wurk allegeduerigen stillein wurde moat as der wer in muorre op ynstoarten stiet. It paleis is eins te brekfallich om der feilich yn te ferkearen.
Ek sjen:










