Britsk protest tsjin blasfemywet
sneon 27 maart 2010“Always look on the bright side of life!” Dat songen de profeet Bryan en syn maten, hingjend oan in martelkrús, oan de ein fan ‘e film “Life of Bryan” fan de komyske formaasje Monty Python. Doe’t de film yn 1979 útkaam, waard der yn Ingelân hjir en dêr wol wat prottele. Ferskillende gemeentebestjoeren woenen net lije dat de film op harren grûngebiet te sjen wie en in Anglikaanske biskop sei foar de televyzje dat er de film in foarbyld fan “studintikoaze humor” fûn. Wylst oare lannen, bygelyks Noarwegen, de film yn ‘e ban dienen, waard de film yn Ingelân in daverjend sukses.
Hjoed de dei stiet it mei de Britske humor wat minder fleurich foar, sa’t it liket. In rjochter yn Liverpool hat begjin dizze moanne in man feroardiele foar it “op in slimme manier religieus lestich fallen, yn ûnstjoer bringen en pleagjen” fan minsken. De man, de 59-jierrige Harry Taylor, hie yn de gebedsromte fan it fleanfjild yn Liverpool in stikmannich spotprintsjes dellein. Underwerp fan de printsjes wienen ûnder oaren de paus, Jezus en de islamityske himel.

Ien fan de printsjes dêr't Taylor foar feroardiele is.
De National Secular Society (NSS), in Ingelske organisaasje dy’t him ynspant foar de skieding fan tsjerke en steat, protestearret tsjin de “bespotlik strange” wet op grûn wêrfan oft Taylor feroardiele waard. Neffens de NSS hat de Britske oerheid mei de feroardieling blasfemy “fia in achterdoarke” strafber makke. “It is te gek foar wurden dat minsken yn ‘e gefangenis set wurde kinne omdat in oar harren fisy op religy beledigjend achtet.”
Op 23 april makket de rjochter bekend wat foar straf oft Taylor krijt. De heechste straf dy’t er krije kin, is sân jier opsluting.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de saak.
Ek sjen:









