CAO-oerlis gemeenteamtners mislearre

freed 12 maart 2010

oerlisDE HAACH – It oerlis tusken de fakbûnen en de Vereniging van Nederlandse Gemeenten oer in nije cao foar de gemeenteamtners hat moandei neat opsmiten.
Dat hawwe de amtnerbûnen fan FNV en CNV witte litten.
Tongersdei komme kaderleden fan de bûnen byinoar om te praten oer fierdere aksjes. De ôfrûne wiken hawwe gemeenteamtners, yn ’e mande mei harren kollega’s fan provinsjes en wetterskippen, al ferskate kearen aksje fierd foar in bettere betelling. Nei alle gedachten krije de aksjes no in hurder karakter.

De fakbûnen easkje in leansferheging fan 1,5 prosint, sadat de keapkrêft beholden bliuwt. De VNG hâldt, passend yn de streek fan it kabinet, fêst oan de nulline mar biedt wol in útkearing foar ien kear fan 1 prosint fan it lean.

By de provinsjes en wetterskippen binne de cao-ûnderhannelings ek fêstrûn op de leaneask. Dêr hantearje de wurkjouwers lyksa de nulline. By de aksjes fan de ôfrûne wiken hawwe de bûnen harren der mei-inoar op ta setten. It gie meastal om wurkûnderbrekkings om de middeisoere hinne of om oare protesten, dêr’t it publyk mar in bytsje fan fernaam.

Ek sjen:

  1. FNP yn oerlis mei Twadde Keamer oer plannen EU LJOUWERT – Kommende tongersdei (1 desimber) sil FNP-Steatelid Sybren Posthumus...
  2. Nukleêr oerlis mei Iran Sûnt goed in jier is hjoed yn Genêve oerlis tusken...
  3. Mislearre Frits Bolkenstein (VVD) hat earder in toanielstik skreaun. Job Cohen...
  4. Ynformaasje mislearre DE HAACH – It is ynformateur Uri Rosenthal (sjoch foto)...
  5. Fryslân tsjin Nederlânsk natoerplan LJOUWERT – Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe nee sein tsjin...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic