De del fan 63

freed 12 maart

fries_datisitDe Fryske Porno Film de Del fan 63 makket wat los yn Fryslân. Op ynternet wurdt der drok socht om de Del fan 63 te sjen. Ek bekende ynternetsiden bringe de Del as grut nijs. Siden as geenstijl.nl fine it fansels prachtich. Mar ek yn Fryslân sels is der in soad oandacht foar de film. Sa is de Fryske ferzje fan Loesje mei de namme Foekje ek wer aktyf. Foekje plakt posters mei Fryske teksten yn de stêden. Dizze kear is it ûnderwerp de Del fan 63 en it minne beteljen fan Steven de Jong. Hy hat de film ‘De hel fan 63’ makke en net alle minsken binne like goed betelle.

De teksten binne:

Leaver Del as slaaf

 Better foar de Del út ’e klean as troch Steven útklaaid.

I love Fryslân on Facebook

Ek sjen:

  1. Boomsma kursus Frysk fan Bernlef
  2. Goedfrysk.nl giet bêst
  3. Fotselje! Fryske porno
  4. Koornbeurs in twatalige webside
  5. Priisfraach Lietoersetten YKFE

2 reaksjes op “De del fan 63”


  1. K. Koopmans
    12 maart 2010 13:10

    Sex is net itselde as leafde. Der binne tefolle minsken dy’t gewoan graach hûd-oanhûd-kontakt wolle en der dan daliks mar sex fan meitsje.Jou dochs ta oan de basisbehoeften fan in minske en meitsje der net sa’n soadsje fan


  2. Lútsen
    12 maart 2010 14:41

    del = belle, klitse (sjoch wurdboek)

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic