De dieders-kant

freed 12 maart 2010

Tsjonger-197x106It moat ferskriklik wêze foar earlik leauwige minsken dat no yn ’e roomske tsjerke safolle misbrûk nei foaren komt. Ik tink dat it goed is dat ek mear oer de eftergrûnen neigien wurdt. En dan moat ik sizze dat ik mear as ien kear heard haw oer de hurde en leafdeleaze behanneling fan bern op jonges- en famkesskoallen, ek troch susters. It is dan krekt oft dat hiel ferbittere minsken wiene.

Ik haw grut respekt foar minsken dy’t har libben yn tsjinst fan ’e neiste stelle. It liket der lykwols op dat yn earder jierren gâns jonge minsken troch har âlden en de tsjerke ûnder grutte presje set binne om yn it kleaster te gean. Krekt yn sa’n sfear kin men jin yntinke dat it ta de misstannen kaam dy’t hjoed-de-dei oan it ljocht komme. Dat pleitet de dieders net frij, mar wiist wol op noch oare skuldigen.

Pyt

Ek sjen:

  1. Dieders bomoanslach Moskou dea MOSKOU – Op 29 maart binne by twa oanslaggen op...
  2. Plysje siket dieders laserpinneferblining LJOUWERT – De fleanbasis Ljouwert nimt it beskinen fan in...
  3. Tryater set it yn ‘e kant LJOUWERT – Twa bussen mei akteurs, muzikanten en oare meiwurkers...
  4. Mont Ventoux toant syn grime kant It is perfoarst gjin gewoan sportyf evenemint, dizze beklimming fan...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic