De Krobbekoer Bitgummole sertifisearre

tiisdei 16 maart 2010

Juf_Siets.Tiisdei 16 maart is as earste yn de gemeente Menaldumadeel pjutteboartersplak De Krobbekoer oan de De Hammeringen yn Bitgummole sertifisearre as twatalich pjutteboartersplak. De offisjele hanneling bestie út it útrikken fan it sertifikaat oan liedster Sietske Dijkstra-Kingma troch wethâlder A.M. van der Mei fan de gemeente Menaldumadeel.

Nei de ynliedings en de offisjele hanneling wie it tiid foar de bern. (Berne-boeke-)Skriuwster en ûnderwizeres Auck Peanstra fertelde harren in ferhaaltsje en song ferskes ûnder begelieding fan gitaar. Oanslutend wie der foar de âlden en oare belangstellenden noch kofje mei gebak. In goede tematyske oanpak en in waarme akseptearjende útstrieling nei bern ta. Juf Sietske giet bewust mei de taal om en kin dat goed ferwurdzje. Har skriftlik brûken fan it Frysk is op heech peil, sa fûn de fisitaasjekommisje. It pjutteboartersplak De Krobbekoer falt ûnder Stichting Welzijn Middelsee en is dus it earste plak yn Menameradiel dat no sertifisearre is.

Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de pjutteplakken om harren wize fan wurkjen te beoardieljen. It Frysktalige en twatalige pjuttewurk hat ta doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen. Yn beide foarmen wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat ek de ûntwikkeling fan it Hollânsk tegoede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn kontakt mei de twadde taal. De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat dwaande is taalbelied yn te fieren, of al ynfierd hat, nimt flink ta, fan alve yn 2003 oant sa’n 85 no.

Stichting Welzijn Middelsee is in wolwêzensynstelling yn Fryslân. De Stichting soarget der foar, dat yn de gemeente Ljouwerteradiel foldien wurdt oan de fraach nei pjutte-, berne- gastâlder- en bûtenskoalske opfang en âlderen- en jongereinwurk. De Stichting fersoarget ek it pjuttewurk yn de gemeenten It Bilt, Menameradiel en Littenseradiel en foarsjocht sa yn de fraach nei âlderenwurk yn de gemeente Menameradiel. It Jeugd- en jongereinwurk fan de gemeenten Menameradiel en it Bilt falt ek ûnder de ferantwurdlikens fan de Stichting.

Ek sjen:

  1. Poaskepôle Easterein sertifisearre Pjutteboartersplak De Poaskepôle oan it Heechhiem 11 yn Easterein offisjeel...
  2. Ons Tweede Thuis Frjentsjer sertifisearre Maaie lêstlyn hat de fisitaasjekommisje fan Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO)...
  3. It Skarrelspultsje Wommels sertifisearre Tongersdei 8 july is It Skarrelspultsje yn Wommels sertifisearre as...
  4. De Lytse Skeakel Aldegea sertifisearre It sertifikaat ‘Frysktalich pjutteboartersplak’ is útrikt op pjutteboartersplak “De Lytse...
  5. Lyts Underdak sertifisearre Tongersdei 9 septimber is pjutteboartersplak Lyts Underdak yn Ferwert sertifisearre...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic