De mantsje-aap

woansdei 10 maart 2010

Tsjonger-197x106De earste apen libben der mar wat op los. Der kamen wol lytsen, mar wa’t de heit wie wisten se net, dat alle apen moasten wolris baby-sitte!

Mar op in kear kaam der in aap, dy wie wat bazich. Hy spile de baas oer de measte wyfkes en jage de oare mantsjes derby wei. Sa krige er ek de measte neikommelingen en sa waard dy eigenskip hieltyd fersterke. Darwin woe ha dat wy ek fan de apen ôfstamme en sa sit de eigenskip ek yn ús. De minsklike kultuer en de measte godstsjinsten sitte der fol mei. De grutste seine wie hast, dat men gâns neikommelingen hie, want dan wie jins macht en oansjen it grutst. En it is noch net salang lyn dat jins takomst folslein beskaat waard troch jins ôfkomst.

Hjoeddedei is alles oars: wa’t mar wichtich wurk dwaan kin of wat handich mei jild en fêstguod omskarrelt, dy bringt it fierder as de soan fan ’e kening! En sa komme der ek hieltyd mear bewegings dy’t fan de ynfloed fan dy mantsje-aap ôf wolle. Mar pas op: hy sit yn ús genen!

Pyt

Ek sjen:

  1. Eftergrûnen
  2. Apefamkes dogge famkesdingen

1 reaksje op “De mantsje-aap”


  1. merkbiter
    11 maart 2010 11:42

    ik ha myn twifels at hjoeddedei alles oars is.
    hat it net altyd sa west dat it kwartsje mear wurdich wie as it dûbbeltsje?
    oer fêstguod sprutsen: Jan de Bouvrie kriget no it deksel op ‘e noas!!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic