Earste Keamer pleitet foar Frysk
woansdei 24 maart 2010
OSF/FNP senator Hindrik ten Hoeve hat yn de Earste Keamer in gelikense posysje bepleite fan it Frysk en it Nederlânsk yn de Fryske pjutteboartersplakken. De fragen binne mei út namme fan D66 steld. De PvdA hat him dêr yn de Keamerkommisje Underwiis fan 16 maart by oansletten. It CDA hat ek in fraach steld en der op wiisd dat ‘de Friese taal wettelijk is erkend en als voertaal gelijkwaardig is’. De partijen foarmje mei-inoar in mearderheid yn de Earste Keamer.
De fraksjes kamen mei de fragen nei protesten út Fryske gemeenten, Ried fan de Fryske Beweging en it Steatekomitee Frysk yn Provinsjale Steaten. It pleit is dat yn de saneamde Wet OKE oer de berne-opfang de ferantwurdlikheid fan de oerheid foar de Fryske taal presiis deselde is as dy oangeande it Nederlânsk. De partijen fernuverje harren der dan ek oer, dat yn it útstel oer de Wet Kinderopvang de boartersplakken (VVE belied) tenei net (alhiel) Frysktalich wêze meie. Se wize op de taalsitewaasje yn Fryslân en de positive ûnderfiningen mei it taallearen yn Frysktalige VVE-programma’s.
Ten Hoeve stelt de fraach oft de minister wol op ‘e hichte is mei dizze omstannichheden yn Fryslân en oft hjir by it formulearjen fan de nije wet wol rekken mei holden is. Hy wol witte oft de minister wol bekend is mei de praktyk fan berne-opfang yn oare Europeeske minderheidsregio’s.
Fierder is it de fraach oft der wol oerlis mei de Provinsje Fryslân west hat. Is der wol romte mei dizze wet foar it besteande provinsjale taalbelied of wurdt dy krekt beheind? OSF/FNP, D66, PvdA en CDA wolle dat it wetsútstel foldwaande rjocht docht oan de ferplichtings oer it Frysk, dy’t de Nederlânske Steat yn it Europeesk Hânfêst foar lytse Talen oangien is, mei ‘de positie van het Fries als rijkstaal met in de provincie Fryslân een volstrekt gelijkwaardige positie’.
De partijen wachtsje no op it antwurd fan de minister. Nei de skriftlike behanneling sil de wet letter plenêr yn de Keamer behannele wurde.
Ek sjen:
- Fragen Earste Keamer oer stúdzje Frysk Grins Earste Keamerlid Kees de Lange (OSF) stelt op oanstean fan...
- Fean pleitet foar oare mynbouwet IT HEARRENFEAN – De gemeenteried fan Hearrenfean wol dat de...
- Stimwizer Earste Keamer DE HAACH – Op 2 maart binne yn alle Nederlânske...
- Keamer stimt foar weryndieling DE HAACH – In romme mearderheid fan de Twadde Keamer...
- Europarlemintariërs skriuwe brief nei Twadde Keamer oer it Frysk De Nederlânske leden fan it Europeesk Parlemint roppe harren kollega’s...








