Fergrizing

sneon 20 maart 2010

De fergrizing, dat wurdt nochris in probleem. Wier. En der is ek net oan te ûntkommen.
Gommenikke, wat no.
Ik haw mar wer ris op besite west by in pake en beppe, want minsken dy’t neat te dwaan ha, ha in soad tiid om nei te tinken. Sy hawwe oplossings klear lizzen foar fan alles en noch wat.
Beppe geat my in bakje yn en lei in grou stik koeke op it pantsje.
“Ja juh”, sei se, “it sil wol wat tafalle, no”.
“Wy hawwe hielendal net neat te dwaan”, sei pake, “hoe komst derby”.
“Ynaktyf”, lei ik út, “jim binne ynaktyf. En dan kostet it allinnich mar jild”.
“Hartstikke drok, man”, sei pake.
“Twa kear yn ’e wike komme hjir twa bernsbern om in brochje te iten, want dan is mem net thús.
Ik haw it hiele hûs rûnom ferve, en doe’t ik klear wie, bin ik te fiskjen gien mei Jouke en Andrys.
Beppe hat hiel wat teedrinkers, kofjedrinkers en mear fan dat soarte folk, dat hjir sitten giet te eameljen. Sparret in maatskiplik wurkster út, hear”.
“En do sitst alle moarnen te swetsen mei dy oare âlde mantsjes by it bankje op ’e hoeke”, docht beppe ek in duit yn it ponkje, want foar in oar wit elkenien it altyd better.
“Hm”, sei pake.
Doe’t ik de doar út gie nei noch in bakje, hâlde beppe my even tsjin.
“Achter de geraniums is it ek moai, hear”, sei se. “Ik mei sa graach breidzje, hearlik”IMGP5992.
“Sparret in psychiater út, hear”, ropt pake út de efterkeamer wei.

Ek sjen:

  1. Pake syn pake Ik hâld fan pinsjonearre minsken. Eins hâld ik fan elkenien...
  2. Superpake op fakânsje Op de earste ferdjipping fan in lytse flat wennen Pake...
  3. Ferhaal: Superpake siedt iten In prachtich ferhaal om foar te lêzen. Op de earste...
  4. Friezen yn ‘e frjemdte Tja, it is wat mei de Friezen yn ‘e frjemdte....
  5. Twa ekstra Pake Sytses DE FEANHOOP – Fanwege de grutte belangstelling komme der noch...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic