Folksliet Kanada bliuwt

moandei 8 maart 2010

canadatopo2It Kanadeeske regear hat freed syn foarstel om in strofe yn it folksliet ‘O Canada’ te feroarjen, ynlutsen. It folksliet bliuwt gelyk, hat de wurdfierder fan premier Stephen Harper witte litten.

It konservative regear-Harper kaam woansdei ta ferrassing fan in soad minsken mei it útstel om de sin ‘in all thy sons command’ te feroarjen. Harper woe dat net allinnich Kanada’s soannen yn dizze strofe oansprutsen waarden, mar ek lâns dochters en pleite foar in ‘geslachtsneutrale’ wurdkar.
Omdat de Kanadeeske befolking ‘lûd en dúdlik’ witte litten hat dat it folksliet bliuwe moat sa’t it is, lûkt it regear it plan yn, sei Harpers wurdfierder freed.

Ek sjen:

  1. Kanadeeske regear fallen OTTAWA – It Kanadeeske regear fan premier Stephen Harper is...
  2. Ús Folksliet Gurbe Douwstra kin it sa moai sjonge: Frysk bloed dat...
  3. Waarm yn Kanada Wylst Europa suchtet ûnder snie en kjeld, hat Kanada de...
  4. Kanada fersmyt hjoed al it Kyoto-ferdrach Neffens parseburo AP lûkt Kanada him jûn al tebek út...
  5. Wat fine jo fan it Noardlik folksliet fan VNO NCW? VNO NCW hat in skoftke lyn yn in gearkomste in...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic