Fraach om help

moandei 8 maart 2010

Inge Mans (56) is doktor yn de psychology. Hja is promovearre op “Zin der zotheid’, vijf eeuwen cultuurgeschiedenis van zotten, onnozelen en zwakzinnigen”. It is in prachtich boek, in plezier om te lêzen. Inge besjocht de “zotheid” ek yn it gewoane libben: se is befreone mei in mongoalsk famke, dêr’t se in protte wille mei hat.
Yn dizze snuorje fersoarget se har heit en mem, salang’t se noch net yn in tehûs kinne.
“It is gewoan no even sa”, mient se. “Ik krij der ek wat foar werom. Eartiids wienen myn âlden noch al ris negatyf tsjin my, mar no’t ik har it bilwurk waskje, komme sy suver tichter by. En as se in goed plak ha, skriuw ik gewoan fierder oan myn boeken”.

Nêst dit wurk set Inge har yn foar flechtlingen dy’t oeral tusken de wâl en it skip falle, en sûnder har help gjin útsjoch hawwe soenen op in libben, want sûnder jild en wenplak is it net maklik om net dea te gean fan de ellinde dy’tsto al meimakke hast ast dêrboppe-op ek noch gjin help krijst omdatsto de o sa drege regels hjir yn Nederlân gewoan net folgje kinst.
Der bliuwt by Inge neat oan de strykstôk hingjen, want alle jild dat deryn komt, giet nei minsken dy’t dêrmei kursussen en opliedingen folgje dêr’t se sels de fuotten wer mei ûnder it gat krije kinne.
As jo jild jaan wolle, kinne jo in bedrach, makket net út, hoefolle as jo jaan wolle, op rek.nû.0186819 (ING) t.n.f. I. Mans Utrecht, u.f.f. Hulp aan vluchtelingen.

Ek sjen:

  1. Frijwillich
  2. Der kin wer flein wurde

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic