Frysk en facebook
snein 21 maart 2010
It Frysk kriget in poat oan de grûn op Facebook. De Ried fan de Fryske Beweging is in grutte spiler wat it Frysk oanbelanget op Facebook. De Ried hat mear as 665 freonen. Ek it tal minsken dat him oanslút by de Fryske groepen waakst stadichoan. De moaiste pagina mei de measte reaksjes is de I love Fryslân pagina (sjoch ûnder). Friezen om utens út allegear ferskillende lannen moetsje op dizze side inoar. Om de pear dagen sette wy as Ried fan de Fryske Beweging in nijtsje of in stelling op dy side. Dêr wurdt omraak op reagearre.
Facebook soarget der ek foar, dat de kontakten mei bûtenlânske ynstellingen/stiftingen dy’t foar harren minderheidstaal opkomme, goed binne. De linen binne hiel koart en wy kinne fluch kommunisearje. It is maklik om op Facebook elkoar op de hichte te hâlden fan alle aktiviteiten dy’t eltse organisaasje ûndernimt. De organisaasjes stypje elkoar ek om groepen, pagina’s grutter te krijen.
Ek sjen:









Hindrik
22 maart 2010 07:51
En no in Fryske interface. Dat soe hielendal moai wêze. Wa set de foarstap?
Wim
22 maart 2010 13:13
Dêr hawwe wy al faaks om frege, sjoch hjir mar ris:
http://www.facebook.com/topic.php?topic=9078&post=55113&uid=4329892722#post55113
Facebook reagearret helaas noait.
Dochs mar wer ris oprakelje……..