Gedicht: turbine

snein 14 maart 2010

wymnune

Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side fan It Nijs. Ik tink dat myn fersen sawol serieus as boartlik wêze kinne: earnst mei in knypeach om my. Lês mar ris fierder.

Bauke Miedema út Menaam.

je kinn’ se net ûntrinne
oeral yn ’t rûn
stean’ se healwiis en mâl
om al it moaie
yn it lânskip hinne

stiet der ris ien allinne
mismoedich moai
te wêzen yn ‘e mist
dan rop ik graach
wat pesterich
hoe is ‘t

want waait de wyn
oer ’t wide iepen lân
en lit dy beammen
yn ’t foarbijgean
foar mij bûge
dan slaan dy senuwlijers
ek wer oan

se giselje it wide
sicht oan gruzels
lit kleare kimen kreune
en giet de sinne
oer de wjukken hinne
dan lit dy se as
swarte spoken rinne

ik tink gemien
it mealt de minsken
en de mûne
soks hjit tsjintwurdich
grien

Ek sjen:

  1. Gedicht: Lokkich
  2. Gedicht: Tiid
  3. Gedicht: hurde wyn
  4. Gedicht Wintersliep
  5. Gedicht: Te plak

11 reaksjes op “Gedicht: turbine”


  1. Lútsen
    14 maart 2010 12:23

    Bauke, dizze sprekt my ek wer oan. Goed ritme. Wat justjes better is neffens myn hiel beskieden miening:

    je kin = men kin (oars moat it ‘je kinne’ of ‘je kinn’)
    stean se = stean’ se (hiiiiel lyts bonkje)
    ‘lân’ en ‘oan’ rime net echt, mar hawar.
    ‘kreune’ soe hjir ek ‘stinne’ wêze kinne. Dan krijst: stinne, sinne, hinne, rinne. Of wurdt dat te bot?
    spoken = spoeken

    Ik fyn it wer in moaien-ien. Groetnis.


  2. Bauke Miedema.
    14 maart 2010 20:16

    Opnij myn tank, Lútsen.
    Spoken = spoeken , skriuwst do.
    It Frysk Hânwurdboek lit “spoken” ta as fariant.
    Fan hûs út seinen wij “spoken”, mar wol wer “spoekje”.
    Spoken koenen dus spoekje bij ús thús.
    Gjin geaf Frysk ?
    Lit it mij witte.

    Groetnis.


  3. Lútsen
    14 maart 2010 22:36

    Yn de wurdboeken wurdt de geve foarm it earst neamd en oare farianten letter fermeld, dat binne fakentiids dialektyske wurden. Dy oare farianten binne net de saneamde ‘standert’, sis mar dy’t útkeazen binne om ABF Algemien Beskaafd Frysk wêze te meien. Ik bin sels tsjin op dy term ‘beskaafd’, as soe dialekt ûnbeskaafd wêze, en dat is perfoarst net sa. Wy kinne it better neame Algemien Frysk of Standertfrysk. Sa skriuwsto ek: opnij (opnieuw) wat winlik ‘op ‘e nij’ of ‘op ‘en nij’ wêze moat. ‘Spoeken’ is dus Standertfrysk, útsprutsen mei in lange ‘oe’. (Skriuwst do – moat skreaun wurde as: Skriuwsto).
    Do brûkst ek it wurd ‘geaf’, dat moat wêze: geef. Geaf rymt op leaf en geef op neef. Dizze dingen moatst as dichter wol witte, hear! It stiet sleau en it is skande as dyn gedichten fierders sa moai binne. (Tink derom, ik sis net IN skande.) Ik hoopje datst hjir wat oan hast. Ynspiraasje! Hoi


  4. Jabik
    15 maart 2010 11:26

    Ik hoopje net dat Bauke him ôfskrikke lit troch de taalleske want dan moatte wy syn skoandere gedichten misse en dat soe sûnde wêze (yn de Wâlden seine wy Sonde). Stavering bestiet mar út tafallige ôfspraakjes en hat amper wat mei taal te krijen. Foar my kin skriuwsto, krektlike goed as skriuwst do. Skriusto soe om mei ek kinne. Dat is oars by idioom, grammatika en wurdkar, mar ek dêryn nimt de dichter faak in protte frijheid.


  5. Lútsen
    20 maart 2010 17:53

    Ik leau net dat Bauke him sa maklik ôfskrikke lit. Hy freget om goerie. Kin er krije. Freegjen wurdst wizer fan.

    Sa net, wy seine fan ‘skande’ yn dyselde Wâlden, of ‘spitich’. ‘Het is zonde’ is Hollânsk. Fergelykje ‘it ‘s a shame’ yn it Ingelsk = ‘it is in skamte’ en Dútsk ‘es ist Schade’ = ‘it is skea’. Dat set men ek net wurdlik oer. Sorry, al wèr in taalleske.


  6. Henk
    20 maart 2010 19:19

    >Yn de wurdboeken wurdt de geve foarm it earst neamd en oare farianten letter fermeld, dat binne fakentiids dialektyske wurden.

    Dat is net helendal wier. It FA-wurdboek N-F jout by alle lemmata in rige lykweardige Fryske foarmen mei dêrtusken in komma. Dat is it gefal by de farianten ‘spoek’ en ‘spook’. Der is neat op tsjin om de goefryske foarm ‘spook’ te brûken. Op syn heechst soe men sizze kinne dat de earstneamde foarm op skrift gebrûkliker is as de foarmen dy’t dernei komme – grif omdat in soad skriuwers graach in Frysk skriuwe dat sa fier mooglik fan it Nederlânsk ôf stiet. Dat is lykwols gjin ferplichting.

    Wat it pear ‘lân’ en ‘oan’ oangiet: dat rimet yn it noarden fan ‘e provinsje wol. Dêr wurde wurden lykas ‘bân’, ‘hân’, ‘lân’ ensfh. útsprutsen mei it “hege” twilûd dat ek yn ‘oan’ en ‘moarn’ foarkomt.


  7. Lútsen
    20 maart 2010 22:51

    Henk,

    Meie wy dan net útgean fan in standertútspraak as der ek in standertstavering is? Ik mien fan al. Oars wurdt goed staverjen ekstra lestich, benammen foar bern. Yn ‘e priveesfear stiet it elk frij om hokfoar tongfal ek mar te brûken, fyn ik.

    Mar ‘offisjeel’ – Omrop Fryslân, Radio, iepenbiere gearkomsten, iepenbiere redefieringen ensafh – soe neffens my troch elk de standertútspraak oanleard en brûkt wurde moatte. De Fryske Televyzje docht dat net, en ik fyn it net moai! Dat ge-oi fan de Klaaikers en ge-ij fan de Wâldsjers is net moai. ‘Moi de woin noi de Westeroin’ is like raar as ‘Mij de wijn nij de Westerijn’, om noch te swijen oer oare farianten. ‘Ei’ útsprekke as ‘ai’ is wol sa noflik oan ‘e earen. (Om my mocht it ek sa stavere wurde.) Sa kin in ‘noarderling’ út ús provinsje likegoed it ferskil tusken ‘oa’ en ‘â/ô’ oanleare. Dat staveret en rimet ek nofliker. Wa’t bûge of barste fêsthâlde wol oan de taal fan syn gea, moat it dan ek mar sa skriuwe: loan, hoan, boan ensfh. Dan kinne wy skielk ek gedichten lêze yn it Klâikers of it Woodsjers (of besteane dy al?).


  8. Henk
    21 maart 2010 01:07

    It stiet elkenien fansels frij om nei ien útspraak te stribjen, mar men kin it wurdboek net as autoriteit brûke om de foarm ‘spook’ út te sluten.

    Tink derom datst de termen “offisjeel” en “iepenbier” net trochinoar hellest. “Offisjeel” taalgebrûk – yn de sin fan taalgebrûk troch de oerheid – is yn prinsipe by wet te regeljen, mar yn in rjochtssteat kin de oerheid de frije parse net foarskriuwe hoe’t dy prate moat.

    It foarskriuwen fan in standertútspraak soe ek net net folle fertuten dwaan – minsken prate sa’t se sels wolle, ek yn it iepenbier. De kâns is ek net grut dat minsken noch op grutte skaal taalnoarmen oernimme dy’t no net algemien binne. Joop van der Horst hat okkerdeis in boek útbrocht oer de ein fan ‘e standerttaal. It foarnaamste boadskip dêryn is dat taal langer fan elkenien is – en dat minsken har net mear safolle oan regels gelegen lizze litte.

    Der binne oars genôch skriuwers dy’t har eigen dialekt skriuwe, of in tuskenfoarm tusken Standertfrysk en har dialekt. De Halbertsma’s, Waling Dykstra en Obe Postma skriuwe yn in Frysk dat ticht by har eigen dialekt stiet. Trinus Riemersma skriuwt hast altyd Noardhoeksk. Henk Wolf docht dat soms ek. Arjan Hut skriuwt heeltyd mear Wâldfrysk, by Jarich Hoekstra fine wy foarmen fan ‘e Westklaai en ik haw ek wolris teksten yn it Gaasterlânsk sjoen. Earlik sein fyn ik it allegear prachtich – om my skriuwt elkenien syn memmetaal. Mar dêr meie oaren bêst oars oer tinke.


  9. Erwin
    21 maart 2010 10:08

    Ien Fryske standerttaal sadat wy inoar goed begripe!

    De ein fan in standerttaal liket my ek fierstente oerdreaun. Foar rjochtsteksten, skoalle en oare offisjele domeinen dêr’t in noarm brûkt wurdt, is soks perfoarst nedich. Dat der in pear boekjeskriuwers binne dy’t dat oars dogge, hat altyd sa west, en sil altyd sa bliuwe. Ik bin it mei Henk iens dat de minsken har net safolle oanlûke fan in standerttaal. Mar de standerttaal fan skoalle en televyzje jouwe wol it tinkramt oan.

    Boppedat hâldt it grutste part fan it folk him net dwaande mei taal.

    Koartsein: De minsken prate sa’t se sels prate wolle. Yn offisjele domeinen tinke dyselde minsken der echt wol om dat se skriuwe neffens de standert fan de Fryske Akademy.

    Wolsto nei bûten ta ek in bytsje serieus oerkomme, dan jout sa’n standert by fierhinne de grutste part fan it folk wol in bepaalde status.

    Mar goed, je kinne ek noch altyd de kop yn ‘t sân stekke….


  10. Lútsen
    21 maart 2010 12:45

    Ik leau krekt wol dat de measten ûnder ús harren út en troch ôffreegje hoe’t it no eins moat. Der hearsket in grutte ûnwissichheid by Fryskpraters krekt omdát se allinne de taal fan har eigen gea kenne. Hja hawwe sels in eigen persoanlik dialekt ûntwikkele. Der is wierwol ferlet fan oarder op dit mêd. Dat is tink ek de reden, wêrom’t se tebekhâldend binne yn it brûken fan Frysk op skrift. It Hollânsk, ja dêr fiele se har wisser yn – dat is der op skoalle goed yndruid.

    Oan de oare kant fyn ik, dat Friezen ferrekte eigenwiis reagearje as immen harren wiist op bryk taalgebrûk. Hja litte har net korrizjearje troch ien dy’t it better witte kin. It is taboe. O, o, wat ha se lange teannen.

    Bliuwt oerein, dat skriuwers en dichters frijheid hawwe moatte om skeppe, kreëarje te kinnen mei taal, om faaks ta nije fynsten te kommen, nij idioom, sadat it Nijfrysk noch riker wurdt.


  11. Henk
    21 maart 2010 14:03

    Erwin: der is gjin standert fan de Fryske Akademy. De Akademy is in ûndersyksynstitút en hâldt him net dwaande mei standerdisearring.

    Der is in standerdisearre stavering, dy’t fêststeld is troch Provinsjale Steaten. Dy hat ta in hichte in ferplichte karakter. Sa moasten útjouwers Fryske boeken jierrenlang yn dy stavering útbringe om yn oanmerking te kommen foar subsydzje. Ik wit net oft dy betingst hjoed de dei noch bestiet.

    Fierders is der de Afûk, dy’t in eigen taalnoarm hantearret. Omdat de Afûk fierwei de grutste organisaasje is dêr’t minsken Frysk leare kinne, nimme in heel soad minsken dy noarm oer.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic