Gemeente krijt suggestjes fan RfdFB

tiisdei 9 maart 2010

De ferkiezingen binne west. Der wurdt no om raak ûnderhannele om in kolleezje te foarmjen. De Ried fan de Fryske Beweging wol graach dat it Frysk net yn dizze ûnderhannelings ferjitten wurdt. Derom stjoerd de Ried fan de Fryske Beweging oan alle gemeenten in brief mei suggestjes om it Frysk te ferbetterjen. Eltse gemeente krijt in brief mei suggestjes dy’t yn de gemeente noch net yn oarder binne.

—————–
Ljouwert, 8 maart 2010

Underwerp: Fryske taalbelied by Kolleezje-ûnderhannelings

Achte gemeenterieds- en kolleezjeleden fan de gemeente Boarnsterhim,

Yn it foarste plak, foar safier’t jim keazen binne, lokwinske mei jim sit yn de gemeenteried. Wy winskje jimme in soad sukses ta de kommende fjouwer jier yn jim gemeenten.

Wy skriuwe jim yn ferbân mei de kolleezje-ûnderhannelings. Wy witte dat dy yn de measte gefallen no krekt begûn binne of op koarte termyn begjinne sille. As Ried fan de Fryske Beweging wolle wy graach jim omtinken freegje foar it Fryske taalbelied yn jim gemeente.

De gemeente is, as earste oerheid, dy bestjoerslaach dy’t it tichtste by de boargers stiet. Dêrom is in goed taalbelied fan grut belang. Net allinnich in dúdlik en iepen taalbelied is wichtich, mar yn Fryslân sil fanwegen de twatalige situaasje ek sjoen wurde moatte nei de talen dy’t de gemeente brûkt yn de kommunikaasje nei de boargers ta. Yn Fryslân is neffens ûndersyk fan de provinsje Fryslân hast 70% fan de ynwenners Frysktalich. Yn de iene gemeente fansels wat mear as de oare.

No is it fansels de fraach wat jo as gemeente dwaan kinne.

Yn it foarste plak ferwize wy dêrby graach nei de webside www.gemeentenenfrysk.nl dêr’t in hiel soad goede ideeën op steane. Mar wy hawwe spesifyk nei jo gemeente sjoen (yn ferliking mei oare gemeenten en wat jo no al of net dogge) en jouwe jo de folgjende trije ideeën mei om yn it kolleezjeprogram op te nimmen en sa it belied (noch) better te meitsjen:

1. Befoarderje/stimulearje fan it Frysk (Tomke, sânglêsrige, bestjoerlik oerlis) by pjutteboartersplakken/foarskoalsk ûnderwiis;

2. fia de Afûk in kursus oanbiede oan de redaksjes fan doarpskranten;

3. Kolleezjeleden brûke it Frysk mear by gearkomsten en aktiviteiten yn ‘e doarpen.

Wy winskje jimme noch in soad sukses mei de ûnderhannelings en hoopje dat jim ien of mear fan ús ideeën oernimme wolle foar de kommende fjouwer jier.

mei freonlike groetnis,

Jaap van der Bij,
foarsitter Ried fan de Fryske Beweging,
ynfo@fryskebeweging.nl

Ek sjen:

  1. RfdFB krijt brief Amnesty Earst de brief dy’t de Ried fan de Fryske Beweging...
  2. Neitinke oer de wurklist fan de RfdFB De Ried fan de Fryske Beweging is op it stuit...
  3. Wommels wol ien Fryske gemeente WOMMELS – Fryslân kin it bêste ien grutte gemeente wurde....
  4. Krijt it Frysk in klap? Oprop:  Jou lûd! Kommende woansdei sille de Provinsjale Steaten gearkomme....
  5. Rfdfb skriuwt brief nei Opstelten Ried fan de Fryske beweging skriuwt brief nei Opstelten Ljouwert,...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic