Generaal wit it net mear sa goed

tiisdei 30 maart 2010
De Amerikaanske âld-generaal John Sheehan.

De Amerikaanske âld-generaal John Sheehan.

John Sheehan seit dat er de wurden fan de Nederlânske generaal Henk van den Breemen net oanhelje moatten hie. Neffens de Amerikaanske âld-generaal Sheehan hie Van den Breemen fyftjin jier lyn tsjin him sein dat de massamoard yn Srebrenica de skuld wie fan homofile Nederlânske soldaten. Van den Breemen ûntstriidt dat er soks sein hat. Sheehan sei hjoed dat syn oantinkens nei safolle tiid net mear betrouber wienen. Dat waard oars earder ek al dúdlik, mei’t Sheehan tocht dat de namme fan syn Nederlânske kollega Hankman Berman wie.

Ek sjen:

  1. “Homo’s oarsaak Srebrenica”
  2. Obama lulk op generaal
  3. Ynienen saluearje oeral homo’s
  4. Rjochter ferbiedt homoswijplicht FS
  5. Amerikaansk homobelied ferbean

1 reaksje op “Generaal wit it net mear sa goed”


  1. Erwin
    30 maart 2010 19:52

    De skiednisboeken stean fol fan heldemoed en bloed, mar eins baarnde it hillich fjoer pas goed, as it himd wat neier as de rok is.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic