Bedriuwen keare SAAB de rêch ta

woansdei 10 maart 2010
SAAB LOGO

SAAB LOGO

 Nertsjinsteande de oerienkomst tusken Spyker Cars en GM keare grutte bedriuwen Saab de rêch ta. Ferline jier sakke de ferkeap mei 60% en ek fan’t  jier wurdt der in tsjustere ûntjouwing ferwachte, omdat nimmen der op doart te fertrouwen dat de wearde fan de auto nei 36 moannen lease-tiid garandearre is. Bou-gigant Skanska en tabaksbedriuw Swedish Match binne twa fan de bedriuwen dy’t  der foar keazen hawwe om de ôfspraken mei Saab net fuort te setten, neffens Ynnor, spesjalisearre yn bedriuwsautoparken.Doet Saab rom in jier lyn begûn mei de reorganisaasje keazen in tritichtal Sweedske bedriuwen der foar om Saab út harren float te heljen. Dêrnei stoartte yn 2009 de fraach nei Saab as bedriuwsauto fierder yn mei 60% yn fergeliking mei 2008.
“As Saab it ferlerne merktoandiel yn it leaseautosegmint  weromwinne wol, sil immen de restwearde fan de auto garandearje moatte om it fertrouwen wer groeie te litten “,neffens  Ronny Svensson fan Ynnor. Foar Saab is de ferkeap fan bedriuwsauto’s hiel wichtich. Likernôch 70% fan de ferkochte Saabs giet nei bedriuwen. Dat betsjut dat Saab rap begjinne moat mei de ferkeap fan auto’s om oerlibje te kinnen.

Inkele fan de bedriuwen dy’t in ferminderjende ynteresse foar Saab ûnder it personiel fernimme, binne Skanska, Vattenfall en SAS.
Skanska hat 650 bedriuwsauto’s dêr’t  rom tritich persint fan Saab is. Nei de jierwikseling wie it kontrakt mei GM ferrûn en dat is oant no ta noch net ferlinge. It bedriuw hat noch gjin beslissing nommen oft it mei Saab trochgean sil. Alles hinget ôf fan wat der yn de takomst mei it bedriuw barre sil.
In oar bedriuw dat net mear fan Saab keapet, is Swedish Match. By de lêste oankeap fan 55 tsjinstauto’s mocht Saab net meidwaan. Hjir hat de twifel oer de restwearde  ek beskiedend west.
Ek steatsbedriuw Vattenfall advisearret op basis fan de ûnwisse restwearde syn meiwurkers om in oare auto as Saab te keapjen, nettsjinsteande dat it kontrakt mei Saab noch hieltyd rint. Vattenfall hat 422 tsjinstauto’s dêr’t omtrint 100 fan it Saab-embleem drage.
SAS, dy’t 200 tjinstauto’s riden hat, fernimt tagelyk in enoarm ferskil yn de fraach nei Saab.

Ronny Svensson van Ynnor leaut net dat it genôch is dat Saab de finansiering foar de kommende jierren op oarde hat. Saab moat ek miljeufreonlikere auto’s begjinne te bouwen om op it boadskippelistke fan de grutte bedriuwen werom te kommen. “Foar bedriuwen is it ferbrûk folle wichtiger as it ‘design’. As se yn de maitiid mei in hybride auto komme, is der alle kâns dat Saab wer klimt op de toplist fan de grutte bedriuwen”, sei hy.

Ek sjen:

  1. Saab kriget Sineeske bazen TROLLHÄTTAN – De Sweedske autofabrikant Saab giet oer yn Sineeske...
  2. Saab bout wer auto’s De Sweedske automakker Saab produsearret nei in oardel moanne skoft...
  3. Saab slacht fallyt STOCKHOLM – It is dien mei Saab. In Sweedske rjochter...
  4. Saab kin de leanen net betelje SEEWOLDE – Autofabrikant Saab kin de leanen fan de wurknimmers...
  5. Oantal bedriuwen nimt ta Op 1 jannewaris 2009 telde Nederlân 844.000 bedriuwen en ynstellingen....

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic