Hoe komt it mei Skanomodu
snein 14 maart 2010
De stúdzje Frysk is populêr. Der binne mear studinten as foarhinne. Mar no docht bliken út it Skanoskrift, it ferieningsblêd fan de studinteferiening skanomodu, dat it mei de studinteferiening Skanomodu net hiel goed giet.
Mei de grutte aktiviteiten giet it bêst genôch. Mar de lytsere aktiviteiten wurde min besocht. Neffens foarsitter Dirk Muntendam hat dat te krijen mei it tiidstip fan dizze aktiviteiten. Ek is der in soad konkurrinsje fan oare ferienings. Ferienings dy’t in stik grutter binne en mear aktiviteiten organisearje dy’t miskien ek wol mear oansprekke.
Mar it grutste probleem is de trochstream fan nije minsken yn de kommisjes en it bestjoer. It hjoeddeistige bestjoer wol ôfswaaie. Mar dan moat der wol in nije ploech klearstean. Sa’t it no liket is der net genôch opfolging en stiet de takomst faai.
Goed nijs is der ek. It bestjoer hat wol in nije redakteur fûn foar it skanoskrift. Jan Ybema sil sit nimme yn de redaksje.
Ek sjen:









www.ensafh.nl
14 maart 2010 12:15
[...] Lês fierder op It Nijs [...]
Gerbrich
15 maart 2010 09:54
Ik hoopje it ek
Henk
26 maart 2010 15:40
Hvorfor skriver du ikke på Norsk?
Det navn ‘skanomodu’ kommer fra en gamle mønt og betyder ‘ren mod’. ‘Skåne’ of ‘Skandinavien’ har en anden rod, de måske har at gøre med ‘skade’, men det er ikke vist.