It Brûst yn Boalsert

moandei 8 maart

Tryater strykt fan 10 oant en mei 13 maart del yn Boalsert mei trije nije foarstellingen én in râneprogramma foar alle generaasjes yn ‘e mienskip!

diplodocusDiplodocus Deks

Hoe’t in kaakbonke it doarp op ‘e kop sette

Amateurargeolooch Deks ûntdekt by opgravingen resten fan in foarhistoarysk bist, de kaakbonke fan in Diplodocus. De fynst fan dizze dinosaurus set it doarp op ‘e kop. Der dûkt in projektûntwikkelder op, dy’t fertelt fan syn plannen om in dinopark by it doarp te bouwen. Der komme gearkomsten mei doarpsbewenners dy’t lûdop dreame fan in protte jild… Elkenien krijt de gelegenheid om syn of har sechje te dwaan. Kleurich en krûdich. Foar en tsjin.

Tom Lanoye, op dit stuit miskien wol de populêrste skriuwer yn Flaanderen, tekenet yn dit stik in tal typyske situaasjes. Hy hat it ferhaal in ûnferwachte struktuer jûn: it stik wurdt achterstefoaren spile. We sjogge earst hoe’t it einiget en dêrnei wurdt it ferhaal by stikken en bytsjes rekonstruearre. As in argeolooch is Lanoye útgien fan de resten, om sa it begjin te achterheljen. Fan it begjin ôf wurket dizze konstruksje fassinearjend. Hy hâldt it brave en minder brave publyk in spegel foar. Hoe dreech is it om in balâns te finen tusken it beskermjen en koesterjen fan dysels en dyn kultuer, en dysels iepen te stellen foar ynfloeden fan bûtenôf? Komysk en werkenber.

De voorstelling wordt in Boalsert op 12 maart Nederlandstalig boventiteld.

10, 11, 12 en 13 maart 20.00, Marne Theater, Boalsert. Kaarten: Gysbert Japicxhûs, 0515-573990 of www.tryater.nl

moofMoof oer de ûndergong fan in idoal

MOOF is in jongkeardel yn ‘e krêft fan syn libben. Hy hat it makke, is hot en hat it mei syn heldedieden sels ta kening skopt. Hy wurdt faak frege foar tv-shows, seit de dingen rjocht foar de raap en soarget foar goeie sjochsifers. Mar as de Goaden éarne in hekel oan ha, dan is it oan knappe, sterke, jonge manlju dy’t tinke dat se de wrâld oan kinne. It lot hat in wrede ferrassing foar him yn ‘t fet. Wylst de stêd pleage wurdt troch hingjongfolk, Meksikaanske gryp en Q-koartsgeiten, rekkenet it folk mear as oait op syn held. Kin hy de flok opheffe en syn eigen needlot keare? En doart er de wierheid ûnder eagen te sjen?

MOOF is in dynamysk ferhaal oer de ûndergong fan in idoal. In Grykske trageedzje troch de eagen fan no. Genietsje live mei fan it bêste stik oait.

13 maart, 17.00, Marne Theater, Boalsert. Kaarten: Gysbert J’hûs

dixi Dixi 4+

Oer wachtsjen en pisjen en pisjen en wachtsjen
Twatalige beukerfoarstelling

Tink dy ris yn: hast hege need, mar sitst nei in foarstelling te sjen. Dan moast wachtsje. Tryater komt mei in foarstelling dêr’tst net by hoechst te wachtsjen. Kinst gewoan gean. Of miskien moatst al even wachtsje, want miskien komt der nóch in mieltsje… De foarstelling follet de tiid tusken it iene en it oare ‘miel’.

Wachtsjen is in gek begryp foar beukers. Want se wachtsje wat ôf; op in jierdei, op freontsjes dy’t te boartsjen komme, op it grut wurden. Altyd mar wachtsje, wylst tiid har noch neat seit. Goed beskôge bestiet der eins hielendal gjin wachtsjen foar bern. Want is it noch wachtsjen op it stuit datst al wer mei hiel wat oars dwaande bist en fergetten hast wêr’tst ek al wer op sietst te wachtsjen?

13 maart, 14.00, Marne Theater, Boalsert. Kaarten: Gysbert Japicxhûs

Ek sjen:

  1. Keatsfjild Boalsert ‘dresse’
  2. Sneon 6 maart Boeke-BOLsert
  3. Oardelmingelse flesse Sonnema
  4. Toanielfoarstellingen Keunstwurk
  5. Arranzjearkursus yn de Meldij

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic