Kearnraketten út Europa wei
tiisdei 2 maart 2010
Nederlân sil yn ’e mande mei België, Lúksemboarch, Dútslân en Noarwegen binnen de NAVO in foarstap nimme om te kommen ta it ferwiderjen fan alle noch oerbleaune Amerikaanske nukleêre wapens op Europeeske boaiem. Dat hat de Belgyske premier Yves Leterme ferline wike bekind makke yn in parseberjocht.
De Belgyske regearing seit de kâns gripe te wollen dy’t oanbean wurdt troch de oprop fan de Amerikaanske presidint ta in kearnwapenfrije wrâld. Om ek echt ta it bedoelde resultaat komme te kinnen, is neffens de Belgyske premier, earnstich oerlis nedich mei alle NAVO-partners.
Ek sjen:
- Balkenende presidint Europa? Premier Balkenende soe wolris de earste presidint wurde kinne fan...
- Di Rupo kiest De Haach foar earste besite BRUSSEL – Elio di Rupo, de nije Belgyske premier, bringt...
- Kearnwapens bliuwe? Brussel – Sekretaris-generaal Andres Fogh Rasmussen fan de NAVO wol...
- Se rinne mear oer as dat se oplaat wurde De Taliban kinne mar beskikke oer nije rekruten. Faak binne...
- Rapport: Europa mandélich oan marteling BRUSSEL – Ferskate Europeeske regearen hawwe de Feriene Steaten holpen...








