Klimaat bliuwt hot

snein 14 maart 2010

Der is wer in protte klimaatnijs; sawol op polityk as op wittenskiplik mêd is der in soad te melden. In lyts oersjoch fan de aktuele ûntjouwings.

Ôfrûne wike ha de Feriene Naasjes (FN) opdracht jûn oan de InterAcademy Council (IAC) om te hifkjen hoe’t de rapporten fan it Intergovernmental Panel on Climate Change (IPCC) ta stân komme. It IAC is in wrâldwiid gearwurkingsferbân fan wittenskipsakadeemjes. It ûndersyk sil útfierd wurde ûnder lieding fan Robbert Dijkgraaf, de foarsitter fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Weijsbeertenschappen (KNAW), tegearre mei Lu Yongxiang, foarsitter fan de Sjineeske wittenskipsakadeemje.  It IAC sil benammen de wurkwize fan it IPCC beoardielje.

Oanlieding binne flaters dy’t yn de IPCC-rapporten út 2007 ûntdutsen binne. Dy flaters binne koarn op ‘e mole fan klimaatskeptisy, lykas PVV-keamerlid Richard de Mos, dy’t ferline wike de nagelnije miljeuminister Tineke Huizinga der oer te wurd woe yn de Twadde Keamer. De eardere miljeuminister Cramer hat foar har fertrek, dat it gefolch wie fan it út it regear stappen fan de PvdA, noch krekt opdracht jûn oan it Projektburo foar de Libbensomjouwing foar in eigen Nederlânske hifking fan de klimaatrapporten. Huizinga seit net te twifeljen oan de klimaatferoaring en fynt de flaters mear ‘sloarderichheden’.

Dy oertsjûging wurdt by serieuze ynstânsjes rûnom dielt. Sa kundige it Ynternasjonale Monetêre Fûns yn deselde snuorje oan meiwurkje te wollen oan ynvestearrings yn  ûntwikkelingslannen om effekten fan klimaatferoaring tsjin te gean. As reden neamt it fûns de grutte makro-ekonomyske gefolgen dêrfan.

By it grutte publyk is dat oars. Ôfrûne tongersdei makke it ynstitút Gallup de resultaten fan in opinypeiling bekend dêr’t út bliken die dat 48 % fan de Amerikanen de warskôgings foar it broeikaseffekt oerdreaun fine; ferline jier wie dat noch 41 % en yn 1997 noch mar 31 %.

Ûnderwilens kaam heechlearaar Bertrand Melenberg fan de Universiteit fan Tilburg just mei de konklúzje fan in data-analyze fan 1400 waarstasjons tusken 1959 en 2002 dat de temperatuer op ‘e ierde no al in graad ekstra omheech gien wie as der gjin luchtfersmoarging west hie. De smoargens yn de lucht hat it opwaarmjen ôfswakke, mar omdat de luchtkwaliteit hieltyd better wurdt, kin de temperatuer de kommende 50 jier mei 4 graden omheechgean. Om de stiging ta 2 graden te beheinen, lykas op ‘e FN-klimaatkonferinsje yn Kopenhagen ôfpraat, moat de jierlikse CO2-útstjit, fergelike mei eardere berekkenings, mei 50 miljoen ton ekstra beheind wurde.

Gâns oar klimaatûndersyk, dat tagelyk ek yn it nijs kaam, wiist deselde kant út. Wittenskippers fan de Universiteit fan Utrecht konkludearje út ûndersyk fan planteresten yn boaiemmonsters dat de Súdpoal 50 miljoen jier lyn, krekt as de Noardpoal, in tropysk klimaat hie. De resultaten wize der neffens ûndersiker Peter Bijl op dat de temperatueren op ‘e poalen by fierder oprinnende CO2-konsintraasjes noch wolris folle heger wurde kinne as dat no tocht wurdt.

Ek sjen:

  1. Polityk slûget oer klimaat Tariedings foar it ferlienen fan in fergunning foar in twadde...
  2. Bangkok en New England tekenje nij klimaat Wylst stjalpreinen grutte parten fan Bangkok splis sette en in...
  3. Homoswijplicht FS bliuwt WASHINGTON – Homofile militêren yn de Feriene Steaten meie noch...
  4. Krisis klimaat slimmer as ekonomyske De hjoeddeiske ekonomyske krisis hat net folle om ‘e hakken...
  5. FN lit rapport klimaat ûndersykje NUSA DIA – De Feriene Naasjes stelle in ûnôfhinklike kommisje...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic