Laaksum yn 1964
snein 14 maart 2010In nijsgjirrich filmke út 1964. De kameraman ferteld oer it haventsje by Laaksum, en oer de minsken dy’t dêr húsmanje. De lytse privee dokumintêre is yn it Frysk. Der binne fansels wol âldere Fryske filmbylden bekend, mar dy binne faak fan ynstânsjes fan offisjeler aard. No, 46 jier letter, wurdt it ‘home-made’ filmke út 1964 op YouTube publisearre.
As jo noch âldere filmkes fine kinne, dan graach yn de reaksjes de link delsette.
Ek sjen:









Erwin
14 maart 2010 16:39
De kameraman hie yn 1964 ek al aardich wat ‘ynslûpsels’ yn syn taalgebrûk….
Jelle
15 maart 2010 00:09
Skande dat de kamera sa let syn yntree dien hat. Oars soenen siden as YouTube fol mei soksoartige bylden stean.
mbc84
15 maart 2010 15:33
@Erwin:
ik leau dat it kommintaar fan folle lettere tiid is, faaks sels fan koartlyn. Betink dat der doe fansels noch gjin kamera’s wienen mei lûdopname..