Lingte Ryn ferkeard yn boeken
moandei 29 maart 2010Ynformaasje fan oaren oerskriuwe ynstee fan him te kontrolearjen, dat kin wolris misbeteare. Allegear neislachwurken fan de lêste heale ieu skriuwe dat de rivier de Ryn 1.320 kilometer lang is. Biolooch Bruno Kremer seit yn de Süddeutsche Zeitung dat dat getal net doocht. Hy hat de rivier neimetten en kaam út op 1.233 kilometer – in mjitflater sa grut as de ôfstân Harns-Grins.
Kremer tinkt dat ien yn it ferline de 2 en de 3 omdraaid hat en dat makkers fan ensyklopedyen en oare neislachwurken dat ferkearde sifer sûnt fan inoar oerskreaun hawwe. Hy hat oerheden en útjouwers oanskreaun. Dy moatte har ûngelyk ynskikke en sizze skytskoarjend ta dat se flater ferbetterje sille.

It streamgebiet fan de Ryn. (foto: Kennislink)
Ek sjen:
- Langste ûnderierdske rivier fûn BRASILIA – Yn it Braziliaanske reinwâld is in ûnbidich lange...
- Schwob foar ûnûntdutsen boeken Der binne in protte wichtige boeken dy’t wy yn Fryslân...
- Ingelsk is net ferkeard foar beukers Fjouwer- en fiifjierrige bern kinne goed Ingelsk leare sûnder dat...
- Digitale boeken De lansearring fan de Kindle, de e-reader fan Amazon is...
- Filipynsk bankbiljet fol flaters De nije bankbiljetten soargje yn de Filipinen foar diskusjes. De...