Marteling as spultsje

tongersdei 18 maart 2010

De kâns is 80% dat jo in ûnskuldige deamartelje as jo dêr de opdracht ta krije. Dat bewiist in eksperimint fan de Frânske filmmakker Christophe Nick. Yn de dokumintêre ‘Jusqu’ou va la télé?’, dy’t juster foar de Frânske televyzje west hat, lit er sjen dat de measte dielnimmers oamarteling_op_televyzjen in spulprogramma ree binne om oare dielnimmers deadlike stroomstjitten te jaan.

Dielnimmers krigen te hearren dat se meidwaan mochten oan in spulprogramma, it saneamde ‘Jeu de la mort’. Se kamen yn in studio mei in soad publyk. In oare kandidaat siet fêstbûn yn in hokje yn de studio. Se moasten dy kandidaat fragen stelle. Wist er it antwurd net, dan moasten se in hevel oerhelje. De kandidaat yn it hokje like dêrtroch marteljende stroomstjitten te krijen. De kandidaten wisten net dat de man yn it hokje mar sabeare die. As se wifken, dan fitere de presintatrise harren oan. Meastal gongen se dan om. De grutte mearderheid gong troch oan de lêste hevel ta – dy soe de man yn it hokje in skok fan 460 folt jaan.

It eksperimint is basearre op in ferneamd eksperimint fan de Amerikaanske psycholooch Stanley Milgram. Milgram woe witte hoe’t it mooglik wie dat de nazys ta har grouweldieden komme koenen. Hy hat yn de jierren ’60 in grutte groep minsken yn in soartgelikense sitewaasje brocht as de minsken yn de Frânske dokumintêre. Hy makke harren doe wiis dat se meidienen oan in ûndersyk nei de gefolgen fan straf. Ynstee fan in presintatrise wie der doe in wittenskipper dy’t wifkjende minsken opjage. Milgram fûn ek dat fierwei de measte minsken dogge wat in gesachspersoan har opdraacht.

Yn de Frânske dokumintêre, sawol as by Milgram, wisten de dielnimmers dat de stroom in soad pine feroarsake. Se hearden de man yn it hokje kjirmjen en razen en se gongen oer it generaal sels troch mei it oerheljen fan de hevels as de man neat mear sei en dea like te wêzen.

Yn de dokumintêre leit in wittenskipper út dat de bysûndere sitewaasje fan in ûndersyk of in televyzjeprogramma derfoar soarget dat minsken ûnwis wurde en dêrtroch faker as oars dogge wat in gesachspersoan seit. Dat se allinnich binne, fersterket dat effekt. Milgram hat nammentlik ûntdutsen dat as der in dielnimmer wie dy’t wegere om mei te dwaan, de kâns folle grutter wie dat oare kandidaten ek net meidwaan woenen.

In diel fan de dokumintêre is hjir te finen: link

Ek sjen:

  1. Marteling troch de CIA
  2. Stimadvys fan in psycholooch
  3. Bush sei goed foar marteling
  4. Pornoferlet nei ferkiezingswinst
  5. Stiel rêdt Grinzers fan bom

1 reaksje op “Marteling as spultsje”


  1. Yvonne W.
    20 maart 2010 20:32

    Walchlik!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic