Miljardebesuniging Grikelân
moandei 15 maart 2010De Grykske befolking protestearret foel tsjin de troch de EU opleine miljardebesunigings, dy’t it regear trochfiert. Yn de strjitten fan Atene komt it ta hurde konfrontaasjes tusken aktivisten en plysje-aginten. De demonstraasjes tsjin it regear fan Grikelân binne tongersdei útrûn op ‘ûngeregeldheden’. Op ferskate plakken yn de haadstêd dienen inkelde tûzenen minsken mei oan protesten tsjin miljardebesunigings, dy’t mei op oantrunen fan de Europeeske Uny trochfierd wurde. Yn it sintrum fan Atene fierde de plysje triengas ôf op groepen jongeren doe’t dy’t stiennen begûnen te smiten. De demonstranten smieten ek de ruten yn fan inkelde winkels yn de omjouwing. It iepenbier libben yn Grikelân leit foar it grutste part stil troch in lanlike staking tsjin de besunigings. De EU wol dat Grikelân syn finansjele saken sa gau mooglik op oarder krijt. It lân sil 4,8 miljard euro ekstra besunigje. It lân, dat yn finansjele need is, sit mei in skuldelêst fan 300 miljard en in begruttingstekoart fan hast trettjin persint swier oan de grûn. Under druk fan de Europeeske Uny (EU) nimt it no dochs maatregels. Under mear troch de Gryske problemen driget de euro in ynstabile muntienheid te wurden. Om dit foar te kommen komt der in spesjaal Europeesk monetêr fûns.

Ek sjen:









