Mooglik nije minskesoarte

tongersdei 25 maart 2010

LEIPZIG – Dútske wittenskippers hawwe in nij minsktype ûntdutsen, dat sa bot fan oare minskesoarten ferskilt dat it faaks in ûnbekende soarte is. It is de earste kear dat in nije minskesoarte ûntdutsen wurdt troch de analyze fan prehistoarysk DNA. De ûndersikers fan it Max Plack Institut yn Leipzig hawwe in bonkje analysearre út de pink fan in beuker dy’t sa’n fjirtichtûzen jier lyn stoarn is. It bonkje is yn 2008 yn in hoale yn Súd-Sibearje fûn.

Twa hjoeddeistige minsken hawwe trochinoar sa’n sechstich ferskillen yn har mitogondriaal DNA. It ferskil tusken moderne minsken en neandertalers is al aardich grutter: trochinoar sa’n twahûndert. It ferskil mei it DNA út it bernepinkje is noch grutter: sa’n 385.

Klik hjir foar in artikel oer de fynst yn it tydskrift Nature.

Ek sjen:

  1. Diskriminaasje makket siik LEIPZIG – Minsken dy’t it gefoel hawwe dat se “der...
  2. Bonkerak ûnbekende minskesoarte STERKFONTEIN – Wittenskippers hawwe yn in grot yn it Súd-Afrikaanske...
  3. 32 nije eksoplaneten ûntdutsen Der binne 32 nije eksoplaneten ûntdutsen, mei help fan in...
  4. Smoken makket dom Smokers binne dommer as net-smokers. Dat docht bliken út resint...
  5. Oerpake wie in Neandertaler LEIPZIG – Wy hawwe Neandertalers mank ús foarfaars. Dat is...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic